Starum (gemeente)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Starum
Jachthaven Stavoren.jpg
De jachthaven fan Starum.
flagge wapen
Flagge fan Starum.PNG Stavoren wapen.svg
lokaasje
Fryslân-Gemeenten (1944-1984) - Starum read.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Starum
grutste plak Starum
ynwennertal 991 (1981)[1]
befolkingstichtens 258,1 / km²
oerflak 3,84 km²[2]
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1061
opheft 1984
opgien yn Flagge fan Nijefurd.PNG Nijefurd
no part fan Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
1rightarrow.png Dizze side giet oer de eardere gemeente Starum. Foar de stêd, sjoch: Starum.

Starum (Nederlânsk en offisjeel: Stavoren, earder en argaysk Staveren) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Starum omfieme. De gemeente Starum hie op 1 jannewaris 1981 991 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 3,84 km².[2] De gemeente Starum gie yn 1984 op yn Nijefurd.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Starum lei op in skiereilantsje ynklamme tusken de Iselmar (foar 1932 de Sudersee) yn it noardwesten, westen en súdwesten, en de buorgemeente Himmelumer Aldefurd yn it easten. It iennichste plak yn 'e gemeente wie it stedsje Starum. Yn totaal hie de gemeente Starum in oerflak fan 3,84 km².[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Starum krige yn 1061 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Drylts, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Snits en Warkum. Starum wie yn 'e Midsiuwen in grut hannelssintrum, dat grutte wolfeart koe. It behold dy posysje yn ôfnimmende mjitte oant de ein fan 'e achttjinde iuw. Yn 1714 waarden der noch 1.604 ynwenners telt.[1] Letter rekke it ekonomysk mei it stedsje yn it neigean.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Starum as gemeente opheft en mei de gemeenten Hylpen en Warkum en it grutste diel fan Himmelumer Aldefurd gearfoege ta de nije gemeente Nijefurd. It gemeentehûs kaam doe yn Warkum te stean. By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Nijefurd op syn beurt opheft en mei Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel gearfoege ta Súdwest-Fryslân.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Starum in befolking fan 991 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 258,1 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1981 47,5% fan 'e befolking fan Starum herfoarme en 15,8% grifformeard. Fierders bestie 18% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten. De rest (17,5%) wie foar it meastepart minnistysk of baptistysk. Roomsen wennen der yn Starum amper.[1]

Wat de polityk oangie, sloech it CDA yn Starum foar master op. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 49,1% fan 'e stimmen; de PvdA 25,4%; de VVD 11,8%; de FNP 7,7%; en D66 3,0%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Starum 11,5% wurksum yn 'e lânbou (en fiskerij); 32,8% yn 'e yndustry; en 49,2% yn 'e tsjinstesektor.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 69.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1918.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)