Klaas Jansma

Ut Wikipedy
Klaas Jansma

Klaas Jansma (Ychten, 4 jannewaris 1949) wie oant oktober 2014 direkteur fan PENN Kommunikaasje, dêrnei oant juny 2017 fan PENN Utjouwerij yn Ljouwert. Hy is aktyf as presintator, skriuwer en ferteller.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klaas Jansma hat in grut tal histoaryske en kulturele publikaasjes en biografiën op syn namme, guon yn oparbeidzjen mei oaren. Fierder trije romans, toaniel (Bommel en de Frisomanen), revues en kabaret. Bekend is Jansma foaral as skûtsjekenner, dy’t er al sûnt 1973 skûtsjewedstriden op eigen wize foar Omrop Fryslân ferslacht. Sûnt 2017 ferslacht er dit evenemint op Radio Klaas, dat ek fia Frysk.fm te hearren is. Klaas Jansma studearre oan de Pedagogyske Akademy en letter Andragology yn Grins. Hy wurke ûnder oare as ynterim-haadredakteur by it Friesch Dagblad en manager kommunikaasje by ûnderskate organisaasjes. Hy dosearre in blaumoandei kommunikaasje oan ‘e NHL.

Radio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant en mei 2012 fersoarge Klaas Jansma it radioferslach fan it skûtsjesilen. Dêr hat er ek de bynamme krigen fan de Theo Koomen fan Fryslân. Fierders presintearret Jansma alle wiken in boekeprogramma op Omrop Fryslân-radio.

Skriuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hat neist belletry en kabaret boeken oer ûnder mear de Fryske binnenfeart, lânbouskiednis en kultuerhistoaryske ûnderwerpen skreaun, (wêrûnder toaniel en muzyk). Syn wurk wurdt karakterisearre troch in grut langstme nei eardere tiden, wêryn't famyljerelaasjes en - rivaliteit byldbepalend wienen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland (mei drs. Gerben Abma, 1975)
  • Onze vaderlandse geschiedenis, Geschiedenis van de Nederlandse landbouw;
  • Geschiedenis van Gelderland, Overijssel, Noord-Brabant (alle yn gearwurking mei Meindert Schroor);
  • Freonskip op ‘e planken;
  • Maskers in de Spiegel;
  • Met Vliegend Vaandel en Slaande Trom;
  • Hoop doet Leven, het verhaal Pieter Brouwer;
  • Met Geveegde Kont
  • Dorp aan de Overkant
  • Hoge Vlucht (Yde Schakel)
  • Geen Meter Terug (Chris van den Berg)
  • De Hardloper (oer Jack Kooistra)
  • De razende man (het leven beschreven)
  • Om Teatske, De Fermisten, De slach om Transkei.

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Om Teatske (1995)
  • De fermisten (1998)
  • De slach om Transkei (1999)

Non fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dorp aan de overkant. Zomerhuizen in De Alde Feanen (2004)
  • Hoop doet leven. Het verhaal Pieter Brouwer 1904-1985 (2000)
  • Met Geveegde Kont. Skûtsjes, schippers en wedstrijden (2004-4)
  • Hoge Vlucht, Het verhaal Yde Schakel (2002)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]