Ychten

Ut Wikipedy
Ychten
Himrik fan Ychten
gemeente De Fryske Marren
Gritenij -
Stimmen 42
Ynwenners (2019) 245
Huzen -
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 47' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8537
Webstee www.echtenerbrug.info

Ychten is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. Oant 1 jannewaris 2014 hearde Ychten ta de gemeente Lemsterlân. It doarp hie likernôch 620 ynwenners yn 2004. Yn 2019 wiene dat der noch mar 245.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de gritenij fan Lemster Fiifgea. Dat it doarp âld is, docht wol bliken út âlde stikken fan it jier 1200 doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige Laurentsius anno 1597. Begjin 1825 hat de tsjerke in skûlplak en rêding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it meanfjild. Fan de 182 wenten dy't doedestiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 foar in part slim skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan 'e gong. De op it fjild steande foarrieden turf spielden fuort, fee ferdronk en dêrtroch wie de earmoedei ek tige grut.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haventsje fan Ychten

Yn it gebiet fan Ychten binne yn de 19e iuw inkelde fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld dêrfan is de yn it súdeastlike diel lizzende Klynsmafeart. Fierder de Middenfeart en de Giterske Feart, dy’t op it gebiet fan Eastersee lizze. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei 1750 is dat foar in grut part fergroeven foar turfwinning en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien. Om 1840 hinne waard begûn mei de útfeante plassen drûch te meallen en yn kultuer te bringen. In pear persielen bringe dy perioade noch yn it sin en binne dêr werom te finen, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne noch yn it gebiet. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.

De Tsjûkemar is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn 1856 hawwe se drok dwaande west om de mar drûch te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkelde kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 per ha. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net fan sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Tsjûkemar stiet it restaurearre gemaal fan Ychten dat it wetter lost op de Fryske boezem. Yn 2001 is it oanwiisd as Ryksmonunint. It hat ek funksje as eksposysjerûmte mei plak foar permaninte en tydlike histoaryske útstallings, mei it gemaal en de feanpolders as tema. It gemaal hat oant 1996 de hiele feanpolder fan Ychten bemealle. Foar de wettersporter binne in pear eilantsjes opspuite yn de mar mei de tapaslike nammen fan Tsjûkepôle en Marchjepôle. De nammen binne ûntliend oan de leginde fan de Tsjûkemar. Yn Ychten stiet ek it stânbyld fan Tsjûke en Marchje. By dat stânbyld stiet in tekst dy't it ûntstean fan de Tsjûkemar ferklearret. Dy lytse leginde hjit De held en de draek.

De tsjerke en it hôf fan Ychten yn 2014

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Ychten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kommisjepôle, Hearenwei, Haadwei, Marpaad, Middenfeart, Middenwei.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich