Springe nei ynhâld

Laurentius fan Rome

Ut Wikipedy
Laurentius fan Rome
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 31 desimber 225
berteplak Spanje (?)
stjerdatum 10 augustus 258
stjerplak Rome
diaken
amtsperioade 230-235
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
attributen roaster, martlerspalm, tsjelk mei goudstikken,
patroan fan Beroppen dy't mei fjoer te meitsjen ha, bakkers, bierbrouwers, koks, boekhâlders, bibliotekarissen; Rotterdam, Spanje

Laurentius fan Rome is in kristlike martler dy't yn 'e 3e iuw yn Rome libbe yn 'e tiid fan de kristenferfolgings. Oer syn libben is mar in bytsje wisse ynformaasje bekend. Hy kaam neffens de tradysje oarspronklik út Spanje en wurke ûnder paus Sikstus II as diaken oant er op 10 augustus 258 fermoarde waard.

Fan Laurentius wurdt oannommen dat er op 31 desimber 225 yn Valencia, Spanje, berne waard, of minder wierskynlik yn Huesca, de stêd dêr't syn âlden weikamen yn de lettere regio Aragon, dat doe diel útmakke fan de romeinske pronvinsje Hispania Tarraconensis. De martlers Orentius en Patientia wurde tradisjoneel foar de âlders fan Laurentius holden.

Laurentius kaam yn 'e kunde mei de lettere paus Sikstus II, dy't nei alle gedachten fan Grykske komôf en ien fan de ferneamste leararen yn Caesaraugusta (tsintwurdich Saragossa) wie. Beide manlju ferlieten Spanje en teagen nei Rome. Doe't Sikstus yn 257 ta paus keazen waard naam er Laurentius as diaken yn tsjinst en wied er de earste fan de sân diakens yn de patriarchale tsjerke, ek al wie Laurentius noch tige jong. Dêrom wurdt Laurentius ek wol de aartsdiaken fan Rome neamd, in posysje mei in grut fertrouwen dy't û.o. de soarch foar de besittings fan de tsjerke en de ferdieling fan jelmissen ûnder de earmen ynhold.

Laurentius dy't de rykdommen fan de Tsjerke ferdield ûnder de earmen (Bernardo Strozzi)

De romeinske autoriteiten hiene yn dy tiid fêststeld dat alle oanklage kristenen eksekutearre moasten wurde en dat harren besittings oan de steat ferfoelen. Oan it begjin fan augustus yn it jier 258 kundige keizer Valerianus de deastraf ôf foar alle biskoppen, preesters en diakens. Wylst er de liturgy fierde op it Sint-Kallikstustsjerkhôf waard paus Sikstus II op 6 augustus 258 finzen nommen en fuortendaliks ûnthalze.

Nei de dea fan Sikstus easke de prefekt fan Rome dat Laurentius de rykdommen fan de tsjerke oerdroech. Neffens Ambroasius krige Laurentius trije dagen om oan dat befel te foldwaan. Laurentius lykwols wurke sa hurd as er koe om alle weardefolle saken fan de tsjerke te ferkeapjen en it jild ûnder de earmen te ferdielen om sa tefoarren te kommen dat se yn hannen foelen fan harren ferfolgers. Op de tredde dei melde Laurentius him mei in delegaasje fan earmen, siken en widdo's by de prefekt. Doe't him hjitten waard om de rykdommen oer te dragen liet Laurentius him it earme, kreupele, bline en lijende folk sjen en ferklearre dat hja de wiere skat fan de tsjerke foarmen. Yn in ferslach stiet dat er de prefekt tafoege: "de Tsjerke is tige ryk, folle riker dan de keizer".

Chiesa di San Lorenzo Martire (Vasto, Itaalje), it martlerskip fan Sint-Laurentius

Nei Laurentius' wurden: "Sjoch yn dizze earme minsken de skatten dy't ik jo ûnthjitten ha; ik sil der parels en ealstiennen oan tafoegje, dy widdo's en wezen, dy't de kroan fan de tsjerke binne" waard de prefekt sa lilk, dat er in grut roaster komme liet en it mei hite koallen dêrûnder gleon makke. Doe't it hyt genôch wie waard Laurentius der op lein; dêrom wurdt de hillige meastentiids mei in roaster as attribút útbylde. Neffens guon tradysjes soe Laurentius by it ûndergean fan de tamtaasjes noch oan it gekjeijen west ha. Nei't er al in skoftke op it hite roaster lein hie rôp er fleurich "Oan dizze kant bin ik no wol gear genôch, no de oare kant noch!" It waard de oanlieding dat Laurentius beskermhillige fan koks en komiken waard. Foar de keizer hied er flak foar syn dea it boadskip dat er begrutsjen mei him hie, want "dit fjoer fielt foar my koel, mar it bringt jo ivige pine".

Tradisjoneel byld fan Laurentius mei roaster (Laurentiustsjerke, Raerd)

Laurentius stoar op 10 augustus yn it jier 258 as de lêste fan de sân diakens, mooglik net as gefolch fan it roaster mar troch ûnthalzing.

Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke waard Laurentius ien fan de meast fereare hilligen. Al yn de fjirde iuw fûn der rûnom al ferearing plak fan Laurentius. Syn namme wurdt neamd yn de romeinske kanon fan de Hillige Misse sa't dy yn de Latynske Tsjerke fierd wurdt.

Keizer Konstantyn liet by it grêf fan de hillige in basilyk bouwe, dy't troch in trep mei it grêf ferbûn waard. Yn 'e rin fan de tiid ferdwûn de oarspronklike basilika. Tsjintwurdich stiet dêr de San Lorenzo fuori le mura, ien fan de sân pylgertsjerken yn Rome. Yn de krypte fan de tsjerke rêst it omskot fan Laurentius tegearre mei dy fan Stefanus yn in âlde sarkofaach. It roaster, dêr't neffens de oerlevering de hillige op lein hat, wurdt bewarre yn de San Lorenzo in Lucina yn Rome. Ien fan de meast kostbere reliken is de skedel fan Laurentius. Eartiids waard dy yn Mönchengladbach bewarre, mar tsjintwurdich yn it Fatikaan. Alle jierren wurdt yn it Fatikaan op 10 augustus it relyk fan de holle fan Laurentius yn in gouden skryn útstald. Yn de katedraal yn Dubrovnik wurdt in diel fan de plasse fan Laurentius bewarre.

Laurentius is beskermhillige fan in soad beroppen dy't mei fjoer te meitsjen ha lykas bakkers, bierbrouwers en koks. As diaken hie Laurentius de ferantwurdelikens oer it fermogen fan de tsjerke en dêrom wurdt er ek wol as beskermhillige fan bibliotekarissen en boekhâlders sjoen. Hy wurdt û.o. by brânwûnen, spit, isias, pûsten, koarts en hûdkrupsjes oanroppen.

Yn Donkerbroek, Kimswert en Raerd steane Laurentiustsjerken. Fierder yn Nederlân hawwe û.o. Rotterdam, Alkmaar en Breda tsjerken dy't oan Laurentius wijd binne.

De feestdei falt foar de measte tsjerken op 10 augustus. Syrysk-otterdoksen en de Armeenske tsjerke betinke de hillige op 11 augustus.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Lawrence