Klynsmafeart

Ut Wikipedy

De Klynsmafeart is in seis kilometer lange feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Feanpolder fan Ychten. Nei in heakske bocht yn de Bânsleat rint de Klynsmafeart yn noardlike rjochting en komt út yn de Pier Christiaanssleat.

De namme Klynsmafeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Klijnsmavaart.