Springe nei ynhâld

Skarsterbrêge

Ut Wikipedy
Skarsterbrêge
Himrik fan Skarsterbrêge
gemeente De Fryske Marren
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 710
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 46' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8517
Webstee {{{webstee}}}
Brêge yn Skarsterbrêge
Eysingastate Boschoord
Hollandiawei
eardere Hollandia
Brêge yn Skarsterbrêge
eardere Hollandia
Hollandiawei
Tsjerke fan Skarsterbrêge
Westkant fan Skarsterbrêge

Skarsterbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken De Jouwer en Sint Nyk. It doarp hat likernôch 710 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Skarsterbrêge diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl.

As in lytse koloanje is Skarsterbrêge yn de 18e iuw ûntstien as útbuert fan Ouwsterhaule en Ouwster-Nijegea op de Skarren, op de krusing tusken in dyk en in feart. Dit wetter rint fan de Tsjûkemar nei de Langwarder Wielen. Ter hichte fan de skarren (in gebiet dat boeren mienskiplik brûkten om fee te weidzjen) waard it doarp boud. Lange tiid waard Skarsterbrêge dan ek De Skarren neamd. Yn 1888 waard de Skarremole boud.Yn de 18de iuw waard, ter ferfanging fan in drûchfallen feart, de Skarster Rien groeven foar de turffeart. Yn de Skarren moast in (tol)brêge komme foar de krúsende dyk.

Yn 1911 waard it alfte fabryk fan it Súd-Hollânske suvelkonsern N.V. Hollandia yn Skarsterbrêge boud. Hoewol dit byldbepalende fabryk tusken 1929 en 2002 fan Nestlé hiet, hjit de haadstrjitte fan it doarp noch altyd Hollandiastrjitte. Earste helte 20e iuw bestie Skarsterbrêge allinnich út dy strjitte mei dêroan in tsjerke en in pear pleatsen njonken it fabryk en syn rige arbeidershúskes fan griis en rôze kalksânstien, dy't it byld fan it doarp bepale.

Oan de Sint Nykster kant fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De protestanske tsjerke is yn 1914 troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapenséa ûntworpen yn in behearste Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan kuenstner Willem Brouwer út Leiderdorp.

Njonken de Skarremole steane by it doarp ek noch twa wynmotors, in lytse en in wat gruttere. Byldbepalend yn de Hollandiastrjitte is in rige arbeiderswenten út begjin 20e iuw. East fan it fabryk leit hjoed de dei in nijbouwyk mei dêryn in fiiftal strjitten. De âldste twa strjitten besteane hast hielendal út rychjeshuzen, wylst de nijere strjitten (boud nei de jierren 1990) hast allinnich út frijsteande huzen bestean. Yn de nijste strjitte (Trijegea) wennet men teffens oan it wetter fan de Skarster Rien.

Skarsterbrêge hat in eigen basisskoalle De Brêge, tankstasjon en slachter. Der is alle jierren in doarpsfeest.

  • Nut en Nocht - toaniel
  • Tennisferiening "De Skarslach"
  • Jeu de Boules feriening "De Havenboulers"
  • iisklup "Trijegea"
  • Biljertferiening "De Freedstjitters"
  • Biljertferiening "Skarsterbregster Biljert Froulju"
  • Biljertferiening "De Trije Kûgels"
  • Stifting Feestkommisje Skarsterbrêge
  • Stifting Skarremoune
  • Stichting d' Oude School Scharsterbrug

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Haulstersingel - ferbynt de Haulsterdyk mei de Wâldfinnen ( Hollandiastrjitte ). Neamd nei 'haule' (=hichte) fan Ousterhaule.
  • Heide - yn de rjochting fan Sint Nyk lei eartiids de Sint Nykster Heide. Nei de ûntginning ferdwûn.
  • Hollandiastrjitte - nei it molkfabryk Hollandia. Letter opgong yn Nestlé. Direkteur Hommeling farde yn 1910 oer de Skarster Rien en fûn it stee by de brêge, oan de dyk in gaadlik plak. Yn 1911 wie it fabryk klear. Foar it fabryk oer stiet in rige huzen foar de meiwurkers.
  • Pompstrjitte - Hjir stie yn it ferline in iepenbiere pomp. De measte minsken hienen sels in reinwetterbak of in eigen pomp, mar de doarpspomp joech yn tiden fan drûchte langer wetter omdat dy fierder de grûn yn siet.
  • Houtfeartwei - brûkt foar ferfier fan hout út de bosken fan Hústerheide.
  • Rienstrjitte - nei de Skarster Rien neamd, ferbining Tsjûkemar - Langwarder Wielen. Dit wetter wie nedich foar turfferfier. Op âlde kaarten steane de 'Alde Rien' en de 'Nije Rien' /'Rien'.
  • Roazebosk - wie begroeid mei planten út de roaseftigen. Troch de oanlis fan de A7 waard de dyk yn twaen splitst.
  • Skarren - skarren binne mienskiplike greiden om of by in doarp. Doarpsminsken mochten dêr simmerdeis de kij rinne litte. It hiele feangebiet fan de Trijegeaen en Skarsterbrêge waard skarren neamd. Hoe mear der ûntgûn waard, hoe minder skarren der oerbleaunen.
  • Skoalstrjitte - Oant healwei 1998 stie hjir de legere skoalle út 1843. Der sit no in leanbedriuw yn.
  • Stringen - stringen wurde brûkt om in hynder te mennen.
  • Trijegea - nei Ouster Trijegeaen: Ouster-Nijegea, Aldeouwer en Ousterhaule.
  • Tsjoele - in tsjoele is in sleepblok ûnder it tiksel fan in wipkarre, ploech. It is ek in stik ark om de grûn slocht te meitsjen.
  • Wâldfennen - âlde namme foar in lân mei strewellen, sompen en puoltsjes.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Skarsterbrêge sjoen fan de A6 ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje