Laurenstsjerke (Ychten)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Laurenstsjerke
Laurentiustsjerke, Ychten.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente De Fryske Marren wapen.svg De Fryske Marren
plak Ychten
adres Haadwei 30
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier ± 1250, yn de 17e iuw ommitsele, toer 1879
webside Side gemeente

De Laurenstsjerke yn Ychten is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Ychtenbrêge-Eastersee. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Ychten is in stik âlder dan it liket. It gebou soe om 1250 hinne boud wêze, mar waard yn de twadde helte fan de 17e iuw ferboud en ommitsele. De flakke pilasters oan it muorrewurk folgje nei alle gedachten de lisenen fan de midsiuwske tsjerke. Oan it begjin fan de 19e iuw waarden de ramen feroare sa't se no binne.

Oargel en preekstoel

Oarspronklik hie de tsjerke gjin toer, mar in klokkestoel. Earst yn 1879 krige de tsjerke oan de westlike kant in toer. Ta oantinken dêrfan is in gevelstien boppe de tagong oanbrocht. Yn de toer hinget in klok út 1957 fan de firma Van Bergen te Heiligerlee. In âldere klok, getten yn 1579 troch Cornelius van Ammeroy, ferhûze nei de herfoarme tsjerke fan it Oeriselske Blankenham. De fjouwerkante toer giet oer yn in achtkante, mei laaien beklaaide, opbou mei dêrboppe in spitse ôfsluting.[1]

Yn 2009 fusearre de herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente. Sûnt hat de protestanske gemeente twa tsjerken: de eardere grifformearde Krústsjerke fan Ychtenbrêge en de eardere herfoarme Laurenstsjerke fan Ychten.[2]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur út de earste helte fan de 19e iuw is noch foar in grut part oanwêzich.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ljouwerter oargelbedriuw L. van Dam en Soannen boude yn 1871 in oargel foar de gemeente. Dêrnei is der fieders neat feroare oan it ynstrumint. Flentrop Orgelbouw út Saandam fersoarge yn 1981 de restauraasje.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: