Balk
Balk | ||
De Luts mei flapbrêge | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.255 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,99 km², wêrfan: lân: 3,35 km² wetter: 1,64 km² | |
Befolkingsticht. | 1.245 ynw. / km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N359 N928 | |
Postkoade | 8561 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 54' NB, 5° 35' EL | |
Balk út de loft wei sjoen | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Balk | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Balk |
Balk is in flekke dat sûnt 1 jannewaris 2014 by de gemeente De Fryske Marren heart. Foar dy tiid wie Balk it haadplak en it grutste plak fan de gemeente Gaasterlân (oant 1984) en Gaasterlân-Sleat (1984-2014). It doarp leit oan de súdwestkant fan de Sleattemer Mar.
Balk hie op 1 jannewaris 2023 4.255 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Balk leit tusken Harich en Wikel. Troch de flekke streamt it rivierke De Luts. Balk soe ûntstien wêze by in balke oer it rivierke; dêrom de namme. Letter is der yn alle gefallen in brêge boud. Yn it earstoan hearde Balk by Harich. Yn 1585 waard it troch Spaanske soldaten út Grins plundere. Balk waard yn de 18e iuw woltierich troch de bûterhandel en yn alle gefallen yn de 19e iuw wie it in selsstannige flekke wurden.
Balk hie fanâlds ferskate leauwensmienskippen. Ien dêrfan wie de gemeente fan menisten yn Balk, dy't tige strang yn 'e lear wie. Yn it midden fan de 19e iuw is in grutte groep nei Amearika útwykt om har dêr yn de omkriten fan Goshen yn de steat Indiana te festigjen. In gevelstien yn Balk ferwiist noch nei dy âlde leauwensmienskip.
Oan de Wyldemerkwei wie fan 1954 oant 1969 in kamp foar de opfang fan Molukkers út Yndoneezje. Foar dy tiid wie dat in barakkekamp foar de Nederlânske Arbeidstsjinst. Wylst yn oare Molukske kampen fakentiden kristenen wennen, wie it kamp by Balk foar moslims. Likernôch 90% fan de Molukske moslims waarden oan de Wyldemerkwei opnommen. De moskee op it kamp wie de earste moskee fan Fryslân en de twadde moskee fan Nederlân. De moskee waard nei de opheffing fan it kamp ferkocht en op De Jouwer wer opboud as in loads.
Oan de wei nei Wikel is sûnt 2016 in AZC foar 500 asylsikers. It asylsikersintrum soe yn 2021 sletten wurde, mar fanwegen de grutte ynstream fan nije asylsikers hat de gemeente de bestjoersoerienkomst twa jier ferlinge.[2] Ut earder ûndersyk hie bliken dien dat der ûnfoldwaande draachflak ûnder de Balksters wie om it AZC langer iepen te hâlden.[3]
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2016 | 2017 | 2018 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1477 | 1461 | 1569 | 1852 | 2429 | 3560 | 3915 | 4090 | 4205 | 4175 |
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pleatslik Belang
- Fuotbalferiening Balk
- Iisklup Balk
- De Bears - fiskjen
- Fûgelwacht
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Breahûs (PKN)
- De Sint-Ludgerustsjerke is de roomske tsjerke út 1883.
- De Paadwizer (PKN)
- Fermanje
Bekende Balksters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jetze Doorman - (1881 - 1931), skermer
- Johannes van Hout (1905-1972), boargemaster
- Jouke de Vries - (1960), politikolooch.
- Frans Haarsma (1921-2009), pryster
Krante
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar Balk en omkriten ferskynt de Balkster Courant.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Balk hat in histoaryske kearn mei in riedhûs út 1615. Oan De Luts stean in soad monumintale hals-, klok- en trepgevels mei bysûndere gevelstiennen, sierankers, ingelekopjes en sniene boppeljochten. In opfallend gebou wie de eardere feefoerfabryk De Volharding. It gebou soe ôfbrutsen en wer op 'e nij boud wurde, mar dat gyng net troch en ynstee dêrfan wurde/binne der op de frijkommende grûn hûzen boud.
Wettersport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei is Balk in sintrum foar de wettersport. Oan De Luts is sylskoalle de Ulepanne mearfâldich winner fan de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen. In grutte jachthaven leit oan de râne fan de Sleattemer Mar. Foar fytsers en silers fart der in tradisjoneel skûtsje as silend beurtfear tusken Heech en Balk. Yn de wintermoannen wurdt út Balk wei op de Sleattemer Mar om de Bearenburchcup syld.
Herman Gorter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flekke en it rivierke soenen de dichter Herman Gorter, wa syn pake yn de 19e iuw meniste predikant wie yn Balk, ta syn ferneamde gedicht "Maaie" ynspirearre hawwe. Dêryn skriuwt er lykwols net fan in flekke, mar fan in stedsje; en net fan in rivierke, mar fan in wettergrêft:
- Een nieuwe lente en een nieuw geluid
- Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit
- Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht
- In een oud stadje, langs de watergracht.
(In nije maitiid en in nij lûd; ik wol dat dit liet heart krekt as it fluitsjen dat ik faak hearde foar in simmernacht yn in âld stêdsje, by de wettersgrêft.)
As in oantinken stiet oan De Luts in stânbyld fan de dichter.
Berne yn Balk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ysbrand Balck (±1525), Predikant
- Anne Meines (1814), Boargemaster
- Jetze Doorman (1881), Frysk Skermer
- Johannes van Hout (1905), Boargemaster
- Watse Hiddema (1928), genêshear-direkteur
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bus (Arriva):
- Line 41: It Hearrenfean - De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint-Nyk - Spannenburch - Tsjerkgaast - Sleat - Wikel - Balk
- Line 44: Balk - Sondel - Nijemardum - Aldemardum - Riis - Bakhuzen - Himmelum - Koudum - Warkum - Boalsert
- Line 47: Snits - Jutryp - De Hommerts - Wâldsein - Ypekolsgea - Harich - Balk - Sondel - De Lemmer
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Balk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gaaikemastrjitte mei de âlde griff. tsjerke -
Van Swinderenstrjitte 29 -
Van Swinderstrjitte 10 -
Marwei 12 -
Marwei 4 -
Riedhûsstrjitte 6 -
Fermanje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|