Springe nei ynhâld

De Paadwizer (Balk)

Ut Wikipedy
De Paadwizer
bouwurk
De Paadwizer yn 2022
De Paadwizer yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Balk
adres Siemen de Jongstrjitte 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1982
arsjitekt Steen en Tuinhof
offisjele webside
Side PKN Balk
FB-side fan de PKN Balk

De Paadwizer oan de Siemen de Jongstrjitte is ien fan de twa PKN-tsjerken yn Balk. It ûntwerp is fan arsjitekteburo Steen en Tuinhof. De tsjerke waard yn 1982 as grifformearde tsjerke yn gebrûk nommen en ferfong de âlde tsjerke oan de Gaaikemastrjitte. De oare tsjerke fan de PKN-gemeente is de eardere herfoarme tsjerke, It Breahûs.

It oargel is yn 1985 troch de firma Mense Ruiter Oargelbou (Súdwâlde), Grinslân), boud. Yn 1990 binne noch inkele ûntbrekkende registers yn setten.

Disposysje
  • Haadwurk (manuaal 2): Bourdon 16' - Octaaf 8' - Octaaf 4' - Mixtuur 2' 2-4 sterk (1990) - Trompet 8'.
  • Rêchwurk (manuaal 1): Prestant 8' - Holpijp 8' - Octaaf 4' - Octaaf 2' - Cornet 2⅔' 3 sterk diskant - Mixstuur 1⅓' 3-4 sterk - Dulciaan 8' (1990).
  • Boppewurk (manuaal 3): Fluit doux 8' - Viola di Gamba 8' (C-H in Fluit doux) - Fluit d'amour 4' - Nasard 3' (1990) - Speelfluit 2'.
  • Pedaal: oanhong oan it Haadwurk.
  • Keppelingen: Rêchwurk oan Haadwurk - Boppewurk oan Haadwurk.
  • Tremulant heule wurk.

Meganyske sleepladen. Manuaalomfang: C-f3. Pedaalomfang: C-d1. Wyndruk: 72 mm. WK.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: