Súdwâlde (Grinslân)
Appearance
|
Súdwâlde (offisjeel Zuidwolde, Grinslannersk: Zuudwòl) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Noardlik fan it doarp leit Noardwâlde, dat folle lytser is. Tusken Súdwâlde en Noardwâlde leit de strjitwei nei de Iemshaven en tusken de Grinzer wyk Beijum en Súdwâlde leit noch mar in lyts stikje grien.
Om't Súdwâlde ûnder de reek fan de stêd leit witte in soad minsken dy't kuierje of fytse it doarp te finen. Súdwâlde leit oan it Bûterdjip en ek it doarpskafee Moeke Vaatstra draacht der oan by dat in soad minsken efkes yn Súdwâlde oanstekke.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herfoarme tsjerke (Herfoarme gemeente Noardwâlde-Súdwâlde)
- Ontmoetingskerk (PKN, foarhinne grifformearde tsjerke)
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it poldergebiet om Súdwâlde hinne binne trije mûnen bewarre bleaun:
- De Koningslaagte (noch krekt binnen de westlike grins fan it doarpsgebiet)
- De Krimstermûne (de mûne stiet yn it doarpsgebiet fan Noardwâlde, krekt bûten de noardlike grins fan it doarpsgebiet fan Súdwâlde)
- 't Witte Lam (krekt bûten it súdlike doarpsgebiet en yn it stedsgebiet fan Grins)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Súdwâlde (Grinslân) fan Wikimedia Commons. |