Herfoarme tsjerke (Súdwâlde)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke fan Súdwâlde
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Súdwâlde
adres Boterdiep Westzijde 43
koördinaten 53° 15' N 6° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herfoarme gem.)
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18224] (tsjerke)
18225] (toer)
Webside
Side Herfoarme gemeente Noardwâlde-Súdwâlde
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme tsjerke fan Súdwâlde heart mei in âlderdom dy't werom giet ta de 11e iuw ta de âldste tsjerken fan de provinsje Grinslân. De tsjerke wurdt sneins troch de Herfoarme gemeente Noardwâlde-Súdwâlde brûkt, mar eigner is sûnt 1975 de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Op oare dagen is de tsjerke ek iepen foar konserten of as lokaasje foar spesjale tsjinsten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke neffens Jan Bulthuis mei it noch midsiuwske koer dat healwei de 19e iuw ôfbrutsen waard.

De tsjerke giet werom op de 11e-iuws en is fan oarsprong in fan dowestien boud romaansk gebou. By in fergrutting fan 'e tsjerke yn 'e 13e iuw waard bakstien as materjaal brûkt. Yn 'e 16e iuw waard de tsjerke ferboud en doe is in diel fan it tufstiennen tsjerkegebou ferfongen troch bakstien en binne de romaanske finsters ferfongen troch goatyske. Yn 'e 17e iuw folge in nije ferbouwing. De tsjerke krige it tsjintwurdige portaal yn 'e súdlike muorre fan it tsjerkeskip en nei alle gedachten waard yn 'e selde tiid ek de toer ferhege.

Foar de oanlis fan in bredere wei oan it Bûterdjip moast yn 1854 it midsiuwske koer ôfbrutsen wurde. Yn it ramt dêrfan waard de tsjerke bepleistere en krigen de finsters dekorative listen.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de 17e-iuwske ferbouwing krige de tsjerke nij meubilêr. Fan dy tiid datearje de preekstoel, dielen fan it doopstek en twa ienfâldige hearebanken.

By de restauraasje fan 1999 waarden 27 grêfstiennen ûntdutsen, allegear fan 'e selde foarm. Der waard in nije flier lein, mar de twa grêfstiennen fan dûmny Andreas Straetman († 1632), earder ek dûmny yn Himmelum,[1] en syn frou Elsien Straetman († 1646) bleaune foar it sicht.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 1669 hie de tsjerke in oargel. It tsjintwurdige oargel yn 'e tsjerke is yn 1817 troch Nicolaus Anthony Lohman boud as ienmanualich ynstrumint mei oanhongen pedaal. Yn 1836 fergrutten de bruorren Lohman it oargel mei in boppewurk mei seis stimmen. Tsjin it ein fan de 19e iuw fergrutte Jan Doornbos de oargelkreake mei fjouwer meter en dêrby feroare it boppewurk yn in ûnderposityf. Ek krige it oargel yn nije wynfoarsjenning. Yn 'e jierren 2009-2010 restaurearre Mense Ruiter it oargel. By de restauraasje waard de Trompet 8' ferfongen troch in kopy fan de Trompet 8' fan in oar Lohman-oargel.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: