It Hegelân
It Hegelân
Het Hogeland | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Henk Jan Bolding (waarnimmend) |
sifers en geografy | |
haadplak | Uthuzen |
grutste plak | Bedum |
ynwennertal | 48.231 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 55 / km² |
oerflak | 907,71 km² |
● wêrfan lân | 482,82 km² |
● wêrfan wetter | 424,89 km² |
tal doarpen | 51 |
ferkearsieren | N361, N363, N46, |
skiednis | |
oprjochte | 2019 |
Oant 2019 | De Marne Bedum Iemsmûn, Winsum (foar in part) |
oar | |
netnûmer | 050, 0595, 0596 |
postkoade | 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | hethogeland.nl |
It Hegelân (Grinslânsk: ’t Hoogelaand; Nederlânsk: het Hogeland) is in gemeente yn it noardwestlik diel fan de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2019 troch gearfoeging fan de gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum. It Hegelân is wat oerflak oanbelanget in tige grutte gemeente en de plakken Bedum, Liens, Winsum en Uthuzen binne gemeentlike sintra. Yn Uthuzen komt it gemeentebestjoer en de gemeenteried by inoar. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 48.231 ynwenners (boarne: CBS).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is ûntliend oan dy fan it histoaryske distrikt Hogeland of Hoogeland. De ynwenners mochten yn 2017 stimme foar de definitive namme middels in enkête. 75% keas foar Het Hogeland. De alternativen Het Marenland en Hunsingo hellen it net.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de gemeente lizze 51 doarpen. Dêrnjonken hat de gemeente noch in grut tal buorskippen. De waadeilannen Rottumereach en Rottumerplaat falle ûnder de gemeente It Hegelân.
Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de gemeente wurdt in fariant fan it Nedersaksysk, it saneamde Hegelânsk (Hoogelaandsters of Noordgrunnegs) praat.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory It Hegelân fan Wikimedia Commons. |
Grinslân | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |
· · |