Hegelânsk
Hegelânsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardgrinslânsk | |
eigen namme | Hogelaands | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 55.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinslânsk - Hegelânsk | |
dialekten | gjin | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Hegelânsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | n.f.t. |
It Hegelânsk, inkeld ek wol Noardgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it Hegelân, it noardlike part fan 'e provinsje Grinslân. It taalgebiet fan it Hegelânsk wurdt begrinzge troch de stêd Grins yn it suden, it Ryddjip yn it súdwesten, de Lauwersmar yn it noardwesten, it Waad yn it noarden, de Iems yn it noardeasten en it Damsterdjip yn it súdeasten. De stêden Delfsyl en Appingedam, dy't oan 'e noardlike kant fan it Damsterdjip lizze, en dêrmei yn it Hegelân, hearre taalkundich by it Aldamtske dialektgebiet.
It Hegelânsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch likernôch 55.000 minsken en is ien fan 'e fitaalste dialekten fan Grinslân. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.
It "Bêste" Grinslânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hegelânsk wurdt oer it algemien sjoen as it meast karakteristike dialekt fan it Grinslânsk, dat dêr yn syn geefste foarm sprutsen wurdt. Dat komt benammentlik trochdat yn it Hegelânsk de as typysk Grinslânsk beskôge twaklanken "ai" en "ou" in hiel protte foarkomme, bygelyks yn "kouk" ("koeke") en "stain" ("stien"). By in enkête út 1991 waard troch de grutte mearderheid fan 'e ûnderfrege lju it Hegelânsk oanwiisd as it "bêste" Grinslânsk.
Grammatika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as yn it Frysk komt yn it Hegelânsk gjin aparte foarm fan it weromwurkjend foarnamwurd (yn it Nederlânsk "zich") foar; dus "hee wast hom" ("hy wasket him") yn stee fan "hij wast zich". Fierders wurdt yn it Hegelânsk it foarnamwurd "hai" sawol foar "hy" as foar "sy" brûkt, eat dat fansels ta betizing liede kin, want wa wasket wa yn "hai wast hom"? Hy himsels of sy him? In oar opfallend grammatikaal ferskynsel fan it Hegelânsk is it falle litten fan lidwurden, lykas yn 'e sin: "Kou ligt ien sloot" ("De ko leit yn 'e sleat").
Boarnefernijing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
- Reker, S., Gronings, Den Haach, 2002.
- Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.