Midden-Grinslân (gemeente)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Midden-Grinslân

Midden-Groningen

flagge wapen
Midden-Groningen vlag.svg Midden-Groningen wapen.svg
lokaasje
Gem-Midden-Groningen-OpenTopo.jpg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak Hegesân
grutste plak Hegesân
ynwennertal 60.956 (2019)
befolkingstichtens 206 / km²
oerflak 295,77 km²
● wêrfan lân 280 km²
● wêrfan wetter 15,77 km²
ferkearsieren A7 E22
skiednis
oprjochte 2018
Oant 2018 Hoogezand-Sappemeer vlag.svg Hegesân-Sappemeer
Menterwolde Netherlands.svg Menterwâlde
Slochteren vlag.svg Slochteren
oar
netnûmer 0598
postkoade 9601–9603, 9605–9609, 9611, 9613, 9615–9619, 9621, 9623–9629, 9632–9633, 9635–9636, 9649, 9651, 9939
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.midden-groningen.nl

Midden-Grinslân (Midden-Groningen) is in gemeente yn Grinslân. De gemeente ûnstie op 1 jannewaris 2018 troch gearfoeging fan de gemeentes Hegesân-Sappemeer, Slochteren en Menterwâlde yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Grinslân 2013-2018. De gemeente hat likernôch 61.000 ynwenners (2019) en is wat dat oanbelanget de tredde gemeente fan de provinsje.[1]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maart 2016 waard yn it doarpssintrum fan Súdbroek de nije namme fan de gemeente bekend makke. Der wienen trije ferskate nammen útsteld: Hogewolden, Woldmeren en Midden-Groningen. Mei 48% fan de stimmen waard troch de ynwenners fan de noch te foarmjen gemeente foar de namme Midden-Groningen keazen. Op 26 april 2016 stelden de rieden fan de eardere gemeentes dy namme fêst.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutste plak is it bestjoerlik sintrum Hegesân. De gemeente bestiet út de folgjende plakken. De list is eksklusyf útbuorrens.

Hegesân 21.850
Sappemeer 8.104
Muntendaam 4.500
Súdbroek 3.835
Harkstede 3.325
Siddebuorren 2.970
Slochteren 2.411
Noardbroek 1.960
Kropswâlde 1.749
Meeden 1.695
Skyldwâlde 1.505
Kolham 1.343
Fokshol 1.051
Kiel-Windeweer 915
Froombosch 850
Hellum 600
Scharmer 453
Westerbroek 376
Tjuchem 291
Overschild 270
Stiendaam 150
Wetterhuzen 27
Foksham 990

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Appingedam - Delfsyl - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Loppersum - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde