Hegesân-Sappemeer

Ut Wikipedy
Gemeente Hegesân-Sappemeer
Flagge fan de gemeente Hegesân-Sappemeer        Wapen fan de gemeente Hegesân-Sappemeer
(Flagge fan Hegesân-Sappemeer) (Wapen fan Hegesân-Sappemeer)
Lokaasje fan de gemeente Hegesân-Sappemeer
Provinsje Grinslân
Boargemaster haadplak = Hegesân
Haadplak {{{haadplak}}}
Oerflak
- wetter
72,99 km²
-  6,28 km²
Ynwenners 34.348
Ferkearsieren A7, N385, N386, spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns
Netnûmer 050, 0598
Postkoades 9600-9614, 9630-9633
Offisjeel webstee www.hoogezand-sappemeer.nl

Hegesân-Sappemeer (Nederlânsk: Hoogezand-Sappemeer; Grinslânsk: Hogezaand-Sapmeer) is in eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân. De eardere gemeente ûntstie yn 1949 troch it gearfoegjen fan 'e eardere gemeenten Hegesân en Sappemeer, en hat in oerflak fan 73,05 km².

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan de eardere gemeente wie eartiids part fan it Goarjocht dat troch de stêd Grins bestjoerd waard. De doarpen Westerbroek en Kropswolde wiene doetiids al karspels yn it Goarjocht, wylst it oerbliuwende part fan de gemeente út woast lân bestie.

Yn de santjinde iuw waard mei it oanmeitsjen fan it fean úteinset. By dat oanmeitsjen ûntstiene de doarpen (en gemeenten) Hegesân en Sappemeer. Ynearsten wie sappemeer it wichtichste plak, dochs Hegesân naam dy funksje oer.

Op 1 april 1949 ûntstie troch it fusearjen fan de twa gemeenten de gemeente Hegesân-Sappemeer. Op 1 jannewaris 2018 gie dy gemeente, mank mei de gemeenten Slochteren en Menterwâlde oer yn de nije gemeente Midden-Grinslân.

Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere gemeenten bestie út de doarpen: Foxhol, Hegesân, Kiel-Windeweer, Kropswolde, Sappemeer, Scharmer, Waterhuizen en Westerbroek.

Oare kearnen wiene: Achterdiep, Borgweg (foar in part), Foxham, Foxholsterbosch, Jagerswijk, Kalkwijk, Kleinemeer, Lula, Nieuwe Compagnie, Windeweer en Wolfsbarge.