Spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns

Ut Wikipedy

It Spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns ferbynt de stêd Grins mei Bad Nijeskâns. It spoar bestiet sûnt 27 oktober 1868. It spoar wie yn it ferline ûnderdiel fan de steatsline B, dy't rûn fan Harns oant Nijeskâns. Utsein de monumintale stasjonsgebouwen is der noch in wichtich oantinken oan de histoarje fan Steatsline B lâns de line werom te finen: yn Bad Nijeskâns stiet noch de oarspronklike lokomotyfloads út 1876. Nei Bad Nijeskâns slút it spoar oan op it spoar yn Dútslân (Wiederline).

Stasjons en gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
Grins 1866 1896, SS, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk
Grins Europapark 2012 2012, NS, 1e gebou, unyk ûntwerp fan Movares
Westerbroek 1905 Gjin, gebou yn 1930 ferhuze nei Ulsda, stasjon sletten yn 1932
Kropswolde 1868 1915, SS, 2e gebou, unyk ûntwerp, by iepening in lyts halte geboutsje
Martenshoek 1905 gjin, gebou sloopt yn 1970
Hoogezand-Sappemeer 1868 1989, NS, 2e gebou, unyk ûntwerp, by iepening fernijde útfiering type SS tredde klasse
Sappemeer East 1887 Gjin, gebou sloopt yn 2021, stasjon sletten yn 2020
Scholten 1933 Gjin, stasjon sletten yn 1935
Súdbroek 1868 1868, SS, 1e gebou, fernijde útfiering type SS tredde klasse
Scheemda 1868 1868, SS, 1e gebou, type SS fjirde klasse
Hilligerlee 1908 gjin, stasjon sletten yn 1934
Wynskoat 1868 1868, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse
Ulsda 1887 gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1938
Bad Nijeskâns 1868 gjin, by iepening fernijde útsfiering type SS tredde klasse