Stasjon Súdbroek

Ut Wikipedy
Stasjon Súdbroek
station Zuidbroek
Stasjon Súdbroek yn 2017
Stasjon Súdbroek yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
plak Súdbroek
adres Stationsweg 70
arsjitektuer
stasjonskoade Zb
type Trochgongsstasjon
iepening 1 maaie 1868
boujier 1865
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline B
Grins - Feandam
Súdbroek - Delfsyl
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Súdbroek (Grinslân)
Stasjon Súdbroek

Stasjon Súdbroek (Zb) iepene op 1 maaie 1868, is in stasjon yn it Nederlânske doarp Súdbroek yn de provinsje Grinslân. Oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stasjon Súdbroek yn 1900
Stasjon Súdbroek yn 1940
Stasjon Súdbroek yn 1970

It stasjonsgebou fan Súdbroek is ien fan de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de sechstiger jierren fan de 19e iuw. in stasjon fan it type Hoogezand, en is ien fan de tsien stasjons dy't yn dizze klasse boud is, en iennichste fan dit type dy't bewarre bleaun is.

Yn tsjinstelling ta it stasjon fan Meppel is it stasjon fan Súdbroek letter yngreven ferboud. Yn 1912 waard der in útbou oan de spoarweikant set, sadat it spoarweipersoniel frij sicht by it spoar lâns hie. Ek waard in binnenmuorre út de romte foar de kaartferkeap fuorthelle..

Yn 1959 waard in grut part fan it gebou ôfbrutsen. De restanten waarden ferboud ta in selsstannich gebou. De boppeferdjipping ferdwûn en de fleugels waarden mei de helte ynkoarte.

Yn 2002 gie in yngreven restauraasje fan start dy't tsien jier duorje soe, it stasjonsgebou waard folslein yn âlde steat wersteld. It stasjon is sûnt de restauraasje it gebou fan it Noardnederlânsk Trein & Tram Museum.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 6
20100
Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekWynskoatBad NijeskânsWeenerLier Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.
RS 6
37500
Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekWynskoatBad Nijeskâns Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns.
RS 7
37900
Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekFeandam

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: