Friezebrêge
| Friezebrêge | ||
| Friezebrêge, foar 2015. | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| dielsteat | ||
| plak | Weener | |
| oer | Iems | |
| spoar | Wiederline | |
| koördinaten | 53° 9' N 7° 22' E | |
| Algemiene gegevens | ||
| boujier | 1876 (1ste brêge) 1924 (2e brêge) 1950 (3e brêge) 2024 (4e brêge) | |
| Eigenskippen | ||
| type | Spoarbrêge | |
| lingte | 337 m (4e brêge) | |
| oerspanning | 145 m (4e brêge) | |
| trochfarbreedte | 57 m (4e brêge) | |
| gewicht | 1800 ton (4e brêge) | |
| Oars | ||
| ôfbrutsen yn | 1924 (1ste brêge) 1945 (2e brêge) 2021 (3e brêge) | |
| reden ôfbraak | fernijing kriichskea oanfarring | |
| Kaart | ||
De Friezebrêge (Dútsk: Friesenbrücke) is in spoarbrêge by Weener oer de Iems. De brêge leit yn de spoarferbining tusken Nijeskâns en Lier, en dêrmei yn de ferbining tusken Grins en Hamboarch.
Skiednis
De oarspronklike Friezebrêge wie in oerspanning fan 335 m. mei dêryn in draaibrêge, boud yn 1876; foar dy tiid hie der sûnt 1813 in fearboat west tusken Hilkenborg em Weener. Fan 1924 oant 1926 waard in nije brêge boud, mei in rolflapbrêge. Nei't dy op 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich te neate dien wie, waard er ynearsten wer in fearboat ynset. Yn 1950-1951 waard dan in nije brêge boud, mei wer in rolflapbrêge om't it de werbou fan it âlde model wie. Lykwols duorre it oant 1972 ear't de boatferbining opheft waard.
Op 3 desimber 2015 waard dy brêge oanfearn dêr't dy net mear troch brûkt wurde kin. Lykwols soe it in maklik werstel wêze wat net mear as in jier duorje soe. Yn de winter fan 2021 waard lang om let in begjin makke mei de bou fan 'e nije Friezebrêge; dy soe nei ferwachting (yn 2023) yn 'e simmer fan 2024 klear wêze. Letter waard bekend makke dat ein 2024 net helle wurde sil en dat er klear wêze soe earne yn 2025. Der waard tocht dat yn alle gefallen de fuotgongers oer in healjier wer ferbining hawwe soene, mar yn augustus waard oanjûn dat it desimber wurde sil ear't it projekt oplevere wurdt. Lykwols waard ek dy datum net helle, dat yn 2026 stiet de iepening foar midden fan 2026 foarsein.[1] Dêrmei waard de maklike reparaasje fan in jier, in weropbou fan mear as tsien jier.
Der is in multymediale ynformaasjebio op it bouplak oer de Friezebrêge en de Wiederline en der wurde rûnliedingen oanbean.
Spoar
De brêge is de ferbining oer de Iems foar it spoar fan Grins nei Lier. Yn 1876 is de brêge boud by it oanlizzen fan it trasee tusken Ihrhove en Nijeskâns. It hat altyd in inkeldspoarferbining west, sûnder stroom. De brêge wie in part fan de koartste spoarferbining tusken Fryslân en East-Fryslân. Oant yn de sântiger jierren fan de 20e iuw wie de brêge in part fan de koartste ferbining tusken Hollân en Hamboarch, wat in protte spoarferkear joech. Sûnt dy tiid is it in regionale ferbining, fral brûkt troch Arriva. Foar de ferbining wurde op it stuit bussen fan Wynskoat en Lier brûkt en flugge bussen tusken Grins en Lier.
Iems
De brêge is 4m heech, dat genôch is foar moterboatsjes en frachtskippen mei fracht. Foar oare gefallen moast de brêge iepene wurde, op tiden dat gjin treinferkear ferwachte waard. By elkoar passearren sa sa'n tsientûzen skippen it ier de iepen of sletten brêge. De Meyer Werft yn Papenburch hie lykwols hieltiid gruttere skippen boud, dy't net mear troch de iepening fan de flapbrêge koenen. Der wie lykwols spesjaal in oerspanning fan de fêste brêge mei skroeven fêstsetten ynstee fan mei neils, dat dat segmint fuorthelle wurde koe. Sa koene de skippen sa't dy yn Papenburch boud wurden, de brêge passearje.
Op 3 desimber 2015 kaam de kustfarder Emsmoon op 'e reis fan Papenburch ôf nei de brêge. De brêge wie ticht, en it skip lei sa heech yn it wetter dat de boech boppe it spoardek útkaam. Dochs fear it skip troch de brêge oant de flap kapot wie en gâns de brêge in pear meter opskood wie.
Ynstee fan in simpele weropbou fan de ferneatige brêge, waard in gâns nije brêge ûntwurpen. De nije brêge is wer in draaibrêge wurden, mei de draaipylder op de Hilkenborg-igge. Dêrmei leit de brêge der krekt oarsom yn as de eardere brêge: it skipsgat is yn beide gefallen oan de Weenerigge, mar de eardere brêge hie de flap nei Weener ta.
Koarte ôfstân
De brêge hie ek in fuotpaad. Dêrmei koenen de ynwenners fan east fan de Iems, de gemeente Westoverledingen, oerstekke nei Weener. It paad waard ek brûkt troch fytsers, út de omkriten wei en op lange-ôfstânrûtes. De lêste jierren foar de oanfarring, hie de brêge al in buordsje hân dat dy ferbean wie foar fytsers, mar mei in kuier fan 350 meter wie de fyts al mei te nimmen. Lange-ôfstânrûtes koenen fansels ferlein wurde nei in brêge by Papenburch, nei't de brêge skansearre rekke, mar de lokale ferbining ferdwûn dêrnei.
Fan 2018 ôf wie der wer in fearboatsje foar it lokale ferkear. Dat waard lykwols yn 2024 wer ôfskaft, om't it opleverjen fan 'e brêge tichteby wie.
Sjoch ek
- Wiederline
- Ofbyld fan de nije brêge (2024)
- De Deutsche Bahn is 'stolz' op de nieuwe Friesenbrücke in aanbouw, RTV Noord
- ↑ Friesenbrücke (septimber 2025). Oproppen op 1 april 20261 april 2026.