Springe nei ynhâld

Súdbroek (Grinslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súdbroek)
Súdbroek
It Wynskoaterdjip by Súdbroek
It Wynskoaterdjip by Súdbroek
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 3.415 (31-12-2021) [1]
Oar
Postkoade 2280
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 6° 51' E
Kaart
Súdbroek (Grinslân)
Súdbroek

Súdbroek (Nederlânsk en offisjeel: Zuidbroek; Grinslânsk: Zuudbrouk) is in doarp yn de gemeente Midden-Grinslân yn de provinsje Grinslân. Oant 1 july 1965 wie Súdbroek in selsstannige gemeente. Op dy datum fusearre de gemeente mei Noardbroek ta de gemeente Oosterbroek.

Under Súdbroek falle de buorskippen Spitsbergen, Tusschenloegen, Uiterburen en 't Veen (eartiids Uiterbuursterveen) en Westeind (eartiids Oosteinde neamd). By de grins mei Scheemda lei de buorskip Oudedijk. De doarpen Muntendam en Tripscompagnie foelen earder ek ûnder Súdbroek, mar foarmen wol selsstannige kerspels.

Súdbroek hie yn de achttjinde iuw teminsten sân buorgildes, nammentlik Noordergilde, Middengilde, Molengilde en Oudedijkstergilde (mei elkoar Uiterburen neamd), Kerkengilde en Diepstergilde (tegearre Overburen), fierder Tusschenloegstergilde. It bûtengebiet fan Súdbroek waard yn de 19e iuw ûnderskieden yn Uiterburenboven en Uiterburenbuiten, Súdbroekboppe en Súdbroekbûten (De Vennen), en ek Tusschenloegen-Boppe en Tusschenloegen-Bbûten. De buorskippen Spitsbergen en Jagerswijk leine foar in part yn Sappemeer; de streek besuden dêrfan waard Kostverloren neamd.

Yn de Midsiuwen lei Súdbroek oan in hannelsrûte rjochting Dútslân. Om't it plak oan in soad ferfierwegen lein hat, úntjoech it plak himsels op yndustrieel mêd. It doarp hie bygelyks in skipshelling, in motoarefabryk, in flaaksfabryk en in ierdappelmoalfabryk. It doarp wurdt yn twaën snien troch de A7, dy't it doarp yn in noardlike en in súdlioke helte skiedt. De Pitertsjerke stiet yn it noardlik part, wylst it stasjon en de middenstân yn it súdlik part binne te finen. It Wynskoaterdjip hat in wichtige rôl spile yn it ûntjaan fan it doarp. It kanaal waard fan 1612 ôf oanlein en fan de jierren 1620 ôf waard skipfeart mooglik tusken Súdbroek en Grins. It Wynskoaterdjip krige in ôfspjalting nei Feandam, dat it Muntendammerdjip neamd waard. It Wildervanckkanaal, dat yn de tweintichste iuw oanlein waard, naam de betsjuttenis foar skipfeart en wetterhûshâlding fan it Muntendammerdjip oer.


Súdbroek krige yn de 1620 nei alle gedachten in trekskipferbining oer it Wynskoaterdjip nei Grins. Dat waard ien fan de earste regele trekskipferbinings fan Nederlân. Sûnt 1 maaie 1868 waard it Stasjon Súdbroek iepene, dy't oan it spoar Grins-Nijeskâns en Grins-Feandam lei. Yn 1959 waard it stasjon alhiel ferboud, dêr't de boppeferdjipping en de sydwjukken fan weihelle waarden. Yn it gebou is hjoed-de-dei it Noardnederlânsk Trein & Tram Museum festige. Fan Súdbroek ôf hat it spoar in ôftakking nei Feandam, foar persoaneferfier, en Stedskanaal as guodferfier.

Pitertsjerke
De Wikipedy hat ek in side Pitertsjerke (Súdbroek).

It doarp hat in monumintale, 13e-iuwske krústsjerke yn de styl fan de romanogotyk, de saneamde Petrustsjerke, dy't oarspronklik wijd wie oan Augustinus fan Hippo. De toer stiet los fan de tsjerke en hat as finzenis tsjinne. De restauraasje fan it tsjerke-oargel, dat yn 1795 troch Heinrich Hermann Freytag en Frans Casper Snitger boud waard, kaam yn 2007 ree.

Der waard foar in lange tiid rjocht sprutsen yn it doarp yn it Kantongerjocht oan de Spoorstraat. De Motké-fabryk oan it Westeind wie in ierappelmoalfabryk, dy't oprjochte waard troch de ferneamde Grinslânske ûndernimmersfamylje W.A en J.E. Scholten. It doarp hie oant 1994 in eigen MAFU-skoalle de Hilgestede oan de Heiligelaan.



Berne yn Súdbroek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part)FoxholFroomboschHarkstedeHegesânHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part)TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part)BokhörnBoven Veensloot (foar in part)BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part)KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf
· · Berjocht bewurkje