Midden-Grinslân (Midden-Groningen) is in gemeente yn Grinslân. De gemeente ûnstie op 1 jannewaris 2018 troch gearfoeging fan de gemeenten Hegesân-Sappemeer, Slochteren en Menterwâlde yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Grinslân 2013-2018. De gemeente hat 61.573 ynwenners (31 jannewaris2023, boarne: CBS) en is wat dat oanbelanget de tredde gemeente fan de provinsje.[1]
Op 15 maart 2016 waard yn it doarpssintrum fan Súdbroek de nije namme fan de gemeente bekend makke. Der wienen trije ferskate nammen útsteld: Hogewolden, Woldmeren en Midden-Groningen. Mei 48% fan de stimmen waard troch de ynwenners fan de noch te foarmjen gemeente foar de namme Midden-Groningen keazen. Op 26 april 2016 stelden de rieden fan de eardere gemeentes dy namme fêst.