Aldamt (gemeente)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Aldamt

Oldambt

flagge wapen
Oldambt vlag.svg Oldambt wapen.svg
lokaasje
LocatieOldambt.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak Wynskoat
grutste plak Wynskoat
ynwennertal 38.121 (2019)
befolkingstichtens 167 / km²
oerflak 295,96 km²
● wêrfan lân 227,80 km²
● wêrfan wetter 68,16 km²
skiednis
oprjochte 2010
oar
netnûmer 0596, 0597, 0598
postkoade 9670-9682, 9684-9694, 9940-9944
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gemeente-oldambt.nl

It Aldamt is in gemeente yn it easten fan de provinsje Grinslân, dy't by in gemeentlike weryndieling yn 2010 ûntstien is út de gearfoeging fan de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân.

De gemeente hie op 1 jannewaris 2019 38.121 ynwoners. It is dêrmei nei ynwennertal de 5e gemeente fan Grinslân mei in oerflak fan ûngefear 296 km².

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Aldamt wurdt skaaimerke troch it stêdlike gebiet Wynskoat-Hilligerlee-Scheemda bylâns de A7 mei sa'n 25.000 ynwenners, it Wynskoaterdjip, de spoarwei Grins-Bremen, de doarpering om it projekt fan de Blauwestêd en it poldergea tsjin de de Dollard oan, ek wol de "Nôtrepublyk" neamd. Fierder hat de gemeente in grinsoergong nei Dútslân by it eardere festingsplak Bad Nijeskâns.

De goed 30.000 ynwenners hawwe de beskikking oer in sikehûs: Ommelanner Sikehûs Grinslân yn Scheemda,de wiidweidige winkelfoarsjennings yn en om it sintrum fan Wynskoat hinne en in soad romte, fytspaden, de Aldamtmar fan 800 bunder en it kuerkompleks Thermen Bad Nieuweschans. Yn de stêd Wynskoat is der ûnderrjocht oanwêzich yn de foarm fan basisskoalle, middelber ûnderwiis (oant en mei gymnasium), ynternasjonaal ûnderwiis en ferskate MBU-opliedings.

De gemeente Aldamt rint foarop mei de fergrizing fan de befolking yn Nederlân, om't de gemeente in krimpgemeente is. It projekt Blauwestêd moat befolking nei de gemeente oanlûke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannnewaria 2008 besleaten de trije gemeenten ûnder druk fan de provinsje Grinslân ta de gemeentlike weryndieling, ek om't der tusken Scheemda en Wynskoat om de keunstmjittige Aldamtmar hinne it Blauwestêd-projekt oanlein waard. Benammee de kommunistyske partijen, de Nije Kommunistyske Partij Nederlân yn Reiderlân en de Feriene Kommunistyske Partij yn Scheemda, hawwe fûl protestearre tsjin de weryndieling. Yn de riedsgearkomsten blieken se de iennige tsjinstanners.

De gemeente leit yn de streken en de âlde Fryske goaen Reiderlân en it Aldamt, dêr't de gemeentenamme weikomt. Troch middel fan in enkête koene de ynwenners in namme kieze, dêr't Wynskoat en Reiderlân de oare twa karren wiene. Op 20 novimber 2008 kaam Aldamt dêrby as de winnende namme út de bus.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topografyske gemeentekaart fan Aldamt

De gemeente Aldamt hat yn 2019 goed 16.000 wurkplakken en is dêrmei de fjirde ekonomy yn de provinsje. Nisgjirrich is dat yn de sektoaren soarch en oare tsjinstferliening Aldamt nei de gemeente Grins de measte banen hat. Wichtige sektoaren yn de gemeente binne yndustry, hannel en lânbou. De wichtichste bedriuweterreinen yn de gemeente binne yn Scheemda (Eextahaven), Wynskoat en Bad Nijeskâns.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Aldamt hat 15 plakken:

Wenplak Ynwenners 2019
Bad Nijeskâns 1.345
Beerta 2.215
Blauwestêd 665
Drieborg 480
Finsterwolde 2.240
Hilligerlee 1.440
Midwolda 2.175
Nieuw-Beerta 110
Nieuw-Scheemda 340
Nieuwolda 1.370
Oostwold 1.405
Oudezijl net bekend
Scheemda 4.970
Westerlee 1.495
Wynskoat 17.850

Gemeenterie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utslaggen gemeenteriedsferkiezings
Partij 2009 2014 2018
tal % sitten tal % sitten tal % sitten
PvdA 3.155 23,5% 7 2.320 13,4% 4 2.269 14,5% 4
SP 1.350 10,1% 3 3.213 18,6% 5 2.008 12,9% 4
VVD 1.605 12,0% 3 1.576 9,1% 2 1.997 12,8% 3
VCP 1.138 8,5% 2 2.757 16,0% 4 1.843 11,8% 3
Gemeentebelangen Oldambt - - - - - - 1.615 10,3% 3
PvhN 453 3,4% 1 1700 9,8% 3 1.505 9,7% 3
CDA 2.142 16,0% 4 1.966 11,4% 3 1.280 8,2% 2
D66 1.060 7,9% 2 1.372 7,9% 2 972 6,3% 1
ChristenUnie 676 5,0% 1 910 5,3% 1 967 6,2% 1
Oldambt Aktief 395 2,9% 0 905 5,2% 1 658 4,2% 1
GrienLinks 1.134 8,5% 2 486 2,8% 0 - - -
Groep HOP 73 0,4% 0 - 0,4% 0
Nije Kommunistyske Partij-NCPN 310 2,3% 0 - - -
Opkomst 13.418 42,3% 25 17.278 25 25

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Appingedam - Delfsyl - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Loppersum - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde