Springe nei ynhâld

Fuortset ûnderwiis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Middelber ûnderwiis)

It fuortset ûnderwiis (ek: middelber ûnderwiis of de middelbere skoalle) is de histoaryske namme foar in stadium binnen it ûnderwiis yn Nederlân.

Foarhinne waarden yn it Nederlânske ûnderwiis ûnderskaat:

Sûnt 1 augustus 1985 foarmje it beukerûnderwiis en it leger ûnderwiis mei-inoar it basisûnderwiis (of de basisskoalle). De term middelber ûnderwiis waard formeel folle earder al, per 1 augustus 1968, ferfongen troch de namme fuortset ûnderwiis. Lykwols is "middelber ûnderwiis" en fral "de middelbere skoalle" noch altyd in tige gongbere beneaming foar it middelste skoalstadium tusken it basisûnderwiis en heger ûnderwiis yn, ek al om't ferskate spesifike foarmen fan fuortset ûnderwiis (lykas it middelber beropsûnderwiis of MBO) de namme yn libben hâlde.

Yn it bûtenlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it bûtenlân is de sitewaasje justjes oars. Belgje is it iennichste oare lân dêr't ek noch fan "middelbere skoalle" sprutsen wurdt, al is dy term dêr ek al lang net mear offisjeel, mei't er yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw ferfongen is troch "sekundêr ûnderwiis". Yn 'e Dútsktalige lannen (Dútslân, Eastenryk, Switserlân en Lychtenstein) wurdt de middelbere skoalle de Realschule neamd. Yn 'e Angelsaksyske lannen folget op it leger ûnderwiis earst de middelskoalle en dan de highschool, dy't lykwols net betize wurde moat mei de Fryske/Nederlânske term hegeskoalle. De middelskoalle omfiemet de lêste jierren fan wat hjir de basisskoalle is, mei dêropta de earste jierren fan it fuortset ûnderwiis, foar learlingen yn 'e âldens fan likernôch tsien oant fjirtjin jier. De highschool beslacht de rest fan wat hjir de it fuortset ûnderwiis hjit. Dêrnei pas folget it heger ûnderwiis: college en de universiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: