Reiderwolderpolder

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Reiderwolderpolder: in weingat yn de Opdijk tusken it westlike en eastlike part fan de polder.
De Reiderwolderpolder op in kaart út 1864, dêr't it westlike part al yndike wie en it eastlike part noch hieltyd kwelderlân is.
Reiderwolderpolder mei de dyk nei Nieuwe Statenzijl
Reiderwolderpolder mei weingat nei Stadspolder

De Reiderwolderpolder is in polderen in earder wetterskip yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân en leit besúdeasten de Carel Coenraadpolder en benoarden de Oostwolderpolder en de Stadspolder.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Reiderwolderpolder waard yn de njoggentjinde iuw yn twa fasen yndike. It westlike part fan 1.170 bunder waard fan 1862 oant 1864 ynpoldere en it eastlike part fan 390 bunder waard fan 1872 oant 1874 ynpoldere. It giet om it yndykjen fan de kwelders fan de Doalert dy't yn de Lette Midsiuwen troch oerstreamings ûnderstrûpt waarden. It nije lân wie tige gaadlik foar it ferbouwen fan nôt. Foar de wetterôffier waard in nije slûs oanlein yn Nieuwe Statenzijl.

De polder waard nei it ferdronken doarp Reiderwolde neamd.

Stadspolder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meast eastlike part dat as lêste oanlein waard lei benoarden de Stadspolder (polder fan de stêd) en dy wie alhiel yn besit fan de stêd Grins. Dat part waard ek wol sjoen as in útwreiding fan dy polder, dochs bestjoerlik foel it ûnder de Reiderwolderpolder.

Wetterskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk mei it úteinsetten fan it yndykjen is der it Wetterskip Reiderwolderpolder oprjochte. It hie de feantwurdlikens, njonken dy fan it foltôgjen fan de seedyk en it ûnderhâld dêrfan, ek foar it wetterôffier. It wetter kaam einlings út troch de slûs by Fiemel yn de Iems.

Njonken it ûnderhâld oan de seedyk en de bermsleat, dêr't it wetter troch ôffierd waard, moast it wetterskip ek sân klaaidiken en twa ferhurde diken ûnderhâlde.

Sûnt 2000 falt it gebiet ûnder it wetterskip Hunze en Aa's.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Schortinghuis, S.W. Beknopte geschiedenis van de Reiderwolderpolder, 1862-1912, Wynskoat, 1912
  • Beknopte geschiedenis van den Reiderwolderpolder, 1862-1937, 1937
  • Onnes, C.J. Beknopte geschiedenis van de Reiderwolderpolder: 1862-1962, 1962
  • Noteboom, J.H. Verkwanseld Erfgoed 2013

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gemeente Aldamt
Flagge fan de Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip