Oostwolderpolder

Ut Wikipedy

Oostwolderpolder is in polder en in streekdoarp lyk benoarden Oostwold yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. De polder waard yndike yn 1769, mar yn 1833 bruts it wetter fan de Doalert troch de dyk hinne. Dêrnei waard de polder fannijs yndike.

De buorskip bestiet it in tal grutte pleatsen by de Polderweg del en in tal huzen dy't byïnoar stean tichteby in lytse slûs yn de Oude Geut.

Oostwolderpolder hie fan 1865 oant 1960 in eigen skoalle. Dy waard ynearsten stifte troch de Herfoarme tsjerke, mar waard sûnt 1880 oernaam troch de gemeenten Midwolda en Finsterwolde.

Wetterskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1863 waard it wetterskip oprjochte, dat de wetterôffier behearde.

It wetter streamde ornaris troch de kearslûs yn de Oude Geut. By oerlêst waard earst gebrûk makke fan in mûne, mar letter fan in gemaal. It wetter kaam oer de Finsterwolderpolder terjochte yn it kanaal foar it ôfwetterjen fan it wetterskip Vereeniging, dêr't it troch in slûs by Fiemel yn de Iems útsmiten waard. Dat kanaal en de slûs waarden troch in oar wetterskip, de Vereeniging neamd, beheard.

De polder behearde dêrnjonken noch fjouwer diken. Hjoed-de-dei falt it gebiet wettersteatkundich sjoen ûnder it wetterskip Hunze en Aa's.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje