Springe nei ynhâld

Kearslûs

Ut Wikipedy
Kearslûs yn Blaton
Stoarmfloedkearing Hollânske Isel

In kearslûs of kearing is in slûs dy't wetter keart, ofwol tsjinhâldt.

Om't alle slûzen wetter tsjinhâlde, liket de namme in bytsje dûbeldop. Slûzen kinne lykwols ferskate funksjes ha en dêr wurdt sprutsen fan in kearslûs as it foarnaamste doel fan de slûs it kearen fan heechwetter is. In kearslûs hat faak ien of mear spuislûzen, om it wetter efter de kearslûs losse (spuien) te kinnen op de see of de mar.

Somtiids binne de kearslûzen oan twa kanten kearend en hawwe dêrom in dûbeld pear puntdoarren, as it kearingsmiddel in pear puntdoarren is. By heech wetter wurde de doarren, dy 't mei de punt nei it heech wetter rjochte binne, sletten en by leech wetter, de oare puntdoarren dy't nei it lege wetter wize. As de doarren tichtsteane, is gjin trochgeand skipfeartferkear mooglik. By guon kearings is dêrom in skutslûs njonken de kearslûs boud (bygelyks by de Stoarmfloedkearing Hollânske Isel). Moderne kearslûzen yn Nederlân binne hast altyd mei in hefdoar útfierd.

Kearslûzen wurde ek brûkt om in kanaalpân te befeiligjen tsjin leechrin. Yn dy funksje wurde se fûn by wichtige wetterboukundige keunstwurken. Op lange kanalen mei in bytsje ferfal binne se bytiden oan om it kanaal ûnder te ferdielen yn pânen. Dat kin fan belang wêze: by it ûnderhâld fan it kanaal, om de totale leechrin fan in kanaal te mijen yn gefal fan in dykbrek, of om de skea oan de omjouwing te beheinen.

Kearslûzen yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]