Springe nei ynhâld

Lorentzslûzen

Ut Wikipedy
Lorentzslûzen
bouwurk
De silen
De silen
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plakKoarnwertersân
adresOfslútdyk
koördinaten53° 04' 19" NB 5° 20' 9" EL
bysûnderheden
type bouwurkslûzen
boujier1928
arsjitektDirk Roosenburg
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer516527 516527
kaart
Lorentzslûzen (Ofslútdyk)
Lorentzslûzen
Lorentzskutslûzen
skutslûs
Skutslûs (2007)
Skutslûs (2007)
Gegevens
wetterweiIselmar, Waadsee
peil boppekantMarpeil[1], NAP
simmerdeis:-0,2 m
winterdeis-0,4 m
peil ûnderkant-1,6 oant 2,25 m NAP
lingtegrutte kolk: 120 m[2]
lytse kolk:[3]
skutlingtemei stoarmfloeddoarren: grutte kolk: 149 m [2]
lytse kolk: 74,55 m [3]
breedtegrutte kolk: 13 m[2]
lytse kolk:8,2 m[3]
drompeldjiptegrutte kolk binnen:[2] MPbinnen –3,5 m
bûten: NAPbûten –3,5 m,
lytse kolk binnen:[3] MPbinnen –3,5 m
bûten: NAPbûten –3,5
Bou
boutiidrekjuny 1928 - july 1931
iepening7 oktober 1931
Gebrûk
hjoeddeistich gebrûkbinnenfeart, rekreaasjefeart, CEMT-klasse Va[4]
Arsjitektuer
typepuntdoarren[2][3]
bysûnderhedenVHF-kanaal 18[2][3]
By in ferskil yn wetterstân tusken Iselmarkant en Waadkant fan mear as NAP +2,15 m wurdt net skut.

De Lorentzslûzen is in slûzekompleks yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. De bouwurken binne wichtich foar it peil op de Iselmar en de skipfeart fan en nei de Waadsee. By Den Oever, oan 'e Noardhollânske kant fan de Ofslútdyk, binne de Stevinslûzen.

De Lorentzslûzen waarden yn desimber 1952[5] neamd nei de natuerkundige Hendrik Lorentz[6]. Syn presyzjeberekkeningen leine it oankomstplak fan de Ofslútdyk yn Fryslân by Surch ynstee fan Piaam, om it stoarmgefaar te ferlytsjen.

Yn it wurkplan 1924 foar de Ofslútdyk waard it definitive plak foar de Lorentzslûzen fêstlein: tusken de twa bochten yn 'e Ofslútdyk, op 'e rêch fan it Koarnwertersân.[7] Yn totaal waarden dêr twa groepen silen oanlein en twa skutslûzen. Ut wetterkundich eachpunt wei wie der in lytse foarkar foar trije groepen silen by de Fryske kust, en twa by Den Oever, dochs it ministearje fan Definsje woe yn gefal fan in ynvaazje út it easten wei de grutste kapasiteit sa lang mooglik yn eigen hân hâlde en dêrom is de ferhâlding oarsom wurden. It skipfeartferkear foar de Fryske kust wie frij yntinsyf en twa skutslûzen waarden dêr boud. De djiptegong fan de skippen wie maksimaal likernôch trije meter en mei een drompeldjipte fan fjouwer meter koene sels de gruste skippen ek by tige leech wetter skut wurde.[7] De krusings fan it autoferkear op 'e Ofslútdyk en it skipfeartferkear makken beweechbere brêgen nedich. Mei it each op definsjebelangen waarden dat draaibrêgen, want hege ophel- of baskulebrêgen koene in dúdlik doelwyt foar fijannige artillery wêze.[7]

It kompleks waard boud yn 1928-1931 yn funksjonalistyske styl neffens ûnwerp fan Dirk Roosenburg yn gearwurking mei Buro Suderseewurken.[8]

It slûzekompleks moast foar it ôfsluten fan 'e Sudersee dien wêze foar gebrûk. By it wurk oan de dyk soene de streamen troch de lytser wurdende slútgatten sa sterk wurde, dat der gjin feilich skipferkear mear mooglik wêze koe. De bouput foar de Lorentzslûzen wie yn maaie 1928 dien.[7] De tastân fan 'e boaiem wie dêr minder geunstich as by dy fan 'e Stevinslûzen en ûnder betonnen fundearringsplaten waarden houten peallen oanheid. Yn juny 1928 waard mei de fundearring úteinset en op 15 july 1931 koene de skutslûzen brûkt wurde, dochs wie de offisjele iepening earst op 7 oktober 1931.[7] De silen kamen yn maaie 1932 ree.[7]

It kompleks bestiet út:

  • Silen. Twa bouwurken mei elts fiif spuikokers dy't it wetter losje fan de Iselmar op de Waadsee.
  • Skutslûzen. In grutte en in lytse skutslûs dy't beëasten lizze fan de silen. Fan de skutslûzen makket de skipfeart tusken de Waadsee en de Iselmar gebrûk.

It slûzekompleks is ryksmonumint.

Yn 2013 joech minister Schultz van Haegen it griene ljocht foar it útwreidzjen fan 'e grutte slûs en it ferdjipjen fan 'e farslinken yn 'e Iselmar. Dêr soene skippen fan 150 meter lang, 25 meter breed en 5 meter djip mei de Ofslútdyk passearje kinne. Yn 2020 hawwe it Ryk en de provinsje dêr ôfspraken oer makke. Dat oanpasjen kin dêr ta liede dat de hoemannichte sâlt dy't yn 'e Iselmar komt, ferdûbelje.[9] Ek it djipper meitsjen fan 'e farslinke kin dêr ta liede dat it ynkommende sâlt him flugger en fierder yn 'e Iselmar ferspriedt en dêr nimt it risiko mei ta dat it de noarmen foar it drinkwetter te boppe giet.[9] Om dat de baas te bliuwen, moatte ekstra foarsjennings nedich wêze en dat makket it projekt folle djurder.[10]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykswettersteat: wetterhichte
  2. 1 2 3 4 5 6 Grutte kolk Lorentzslûzen. Rykswettersteat. Argivearre op 2 novimber 2023. Oproppen op 2 novimber 20232 novimber 2023.
  3. 1 2 3 4 5 6 Lytse kolk Lorentzslûzen. Rykswettersteat. Argivearre op 2 novimber 2023. Oproppen op 2 novimber 20232 novimber 2023.
  4. Vaarwegen in Nederland (pdf). Farwei fan Urk nei Koarnwertersân (301) siden 405-495. Rykswettersteat (Oktober 2023). Oproppen op 2 novimber 20232 novimber 2023.
  5. "De ZO polder zal Flevoland heten", Algemeen Dagblad, 5 desimber 1952.
  6. Berends, Frits en van Delft, Dirk: Lorentz: gevierd fysicus, geboren verzoener, Prometheus, Amsterdam 2019 (ISBN 9789044642667, side 498
  7. 1 2 3 4 5 6 Prof Dr Ir J.Th. Thijsse Een halve eeuw Zuiderzeewerken, útjouwerij: H.D. Tjeenk Willink, Grins (1974) siden 138-155
  8. Monumentenregister Lorentzsluizen, nr: 516527, sjoen op 26 novimber 2013
  9. 1 2 Ryksoerheid Verruiming sluiscomplex Kornwerderzand - Eindrapportage Scenario-uitwerking Kornwerderzand, 27 septimber 2024 oproppen op 23 oktober 2024
  10. RTL Nieuws Strop van 375 miljoen dreigt bij verbouwing sluis in Afsluitdijk, 12 oktober 2024, oproppen op 23 oktober 2024