Provinsjes fan Nederlân

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De Nederlânske provinsjes foarmje de regionale bestjoerslaach tusken de ryksoerheid en de gemeenten. It Jeropeeske part fan Nederlân bestiet út tolve provinsjes dy't allegear har eigen folksfertsjintwurdiging en bestjoer hawwe. De provinsjes binne ûnderferparte yn 342 gemeenten. De provinsjes hawwe beskaat foech en taken lykas romtlike oardering, miljeubeskerming en kultuer. Dêrnjonken hâlde se tafersjoch op gemeenten en spylje se op in soad mêden in koördinearjende rol yn gearwurkjen mei gemeenten, oare ynstânsjes en partikuliere ynstânsjes. Op Jeropeesk nivo foarmje de provinsjes de Nederlânske NUTS 2-gebieten.

De provinsjes fan Nederlân binne oansletten by it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO). Dy organisaasje komt op foar de belangen fan de provinsjes by de nasjonale oerheid yn De Haach.

links

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De provinsje mei de grutste befolking is Súd-Hollân, mei in befolking fan goed 3,8 miljoen en is mei in befolkingstichtens fan 1410 ynwenenrs/km² ek it meast ticht befolke. Seelân is mei goed 391.000 ynwenners de provinsje mei de minste ynwenners, wylst Drinte mei 191 ynwenners/km² de tinst befolke provinsje is. Neffens oerflak is Fryslân de grutste provinsje mei in totaal oerflak fan 5.753 km², wylst Gelderlân mei in oerflak fan 4.960 km² de grutste provinsje neffens lânoerflak is. De provinsje Utert is de lytste mei in totaaloerflak fan 1.560 km², wylst Flevolân neffens lânoerflak mei 1.410 km² de lytste is. Der wiene yn 2018 likernôch 10.000 minsken oan 't wurk by provinsjale oerheden.[1]

List fan provinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flagge Provinsje Haadstêd Ynwenners
(1 jannewaris 2024)
% Totaal km² Totaal km²
lân
Totaal km²
wetter
Ynwenners/
km² lân
Gemeenten
(sûnt 2023)
Drinte Assen 504.116 2,8 2680 2633 48 191 12
Flevolân Lelystêd 450.920 2,5 2412 1410 1002 315 6
Fryslân Ljouwert 661.956 3,7 5753 3340 2413 197 18
Gelderlân Arnhim 2.149.057 12,0 5136 4960 176 430 51
Grinslân Grins 601.510 3,3 2955 2316 639 257 10
Limboarch Maastricht 1.133.174 6,3 2210 2145 65 526 31
Noard-Brabân De Bosk 2.644.872 14,7 5082 4902 181 536 56
Noard-Hollân Haarlim 2.980.494 16,6 4092 2663 1429 1109 44
Oerisel Swol 1.189.079 6,6 3421 3317 104 357 25
Seelân Middelburch 391.657 2,2 2933 1780 1154 220 13
Súd-Hollân De Haach 3.840.662 21,4 3308 2698 609 1410 50
Utert Utert 1.400.187 7,8 1560 1484 76 935 26
Nederlân Amsterdam 17.947.684 100 41543 33647 7896 529 342

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de measte Nederlânske provinsjes giet werom nei de lette midsiuwen doe't se, lykas de provinsjes fan Belgje, sa goed as selsstannige greefskippen, hartochdommen en oare foarstedommen wiene. Allinnich yn it noarden fan Nederlân foel it gebiet ûnder de Fryske Frijheid, dêr't gjin lânshear de macht útoefene. Yn 'e rin fan de 15e en 16e iuw kamen de measte fan dy gebieten fan it hjoeddeistige Nederlân en Belgje yn hannen fan de hartoggen fan Boergonje en letter de Habsburgers, dy't de ferskate foarstedommen ferienen yn in personele uny. De nije hearskers fierden in sintralisaasjepolityk út dêr't de foarstedommen in soad fan harren selsstannigens by kwytrekken. In part fan de Fryske lannen kamen ek yn hannen fan de Habsburgers en stften de hearlikheden Fryslân en Stêd en Lân. Al dy gewesten ûnder fan de Habsburchske Nederlannen foarmen yn 1549 de Santjin Provinsjes.

By de Nederlânske Opstân foarmen yn 1579 in tal noardlike provinsjes, dy't oergien wiene op 'e Reformaasje de gearwurkingsferbân fan de Uny fan Utert. Yn 1581 swarden guon fan dy gewesten harren hear, de Spaankse kening Filips II, ôf mei it Plakkaat van Verlatinghe (Akte fan Ofswarring). Dat wurdt ornaris sjoen as it begjin fan Nederlân as in selsstannich lân. Nei't yn 1588 inkelde kearen besocht waarden en beneam in nije lânshear, mislearren giene de gewesten dêr't de opstân sukses hie, fierder as de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dat wie in konfederaasje dêr't de gewesten in grutte mjitte fan selsstannigens yn hiene. Op mêd fan definsje en bûtenlânske saken wurken se mei-inoar, mar oars regelen se harren eigen saken sels. Oars as by de measte provinsjes yn it ferline en hjoed-de-dei, steane de "provinsjes" yn it ferbân fan de Republyk net ûnder in oare oerheidslaach.

De nije Republyk bestie út 'e sân gewesten Hollân, Seelân, Utert, Fryslân, Gelre, Stêd en Lân en Oerisel. Yn de snuorje fan 'e opstân oermastere de Republyk parten fan Flaanderen, Brabân en Limboarch dy't Generaliteitslannen neamd waarden en streekrjocht troch de Steaten-Generaal bestjoerd waarden: Steats-Flaanderen, itjinge oerienkomt mei it hjoeddeistige Siuwsk-Flaanderen, Steats-Brabân, itjinge oerienkomt mei de hjoeddeistige provinsje Noard-Brabân, en Steats-Oermaas, it hjoeddeistige noarden fan Limboarch. It achtste gewest, Drinte, bestjoerde himsels, mar wie net yn 'e Steaten-Generaal fertsjintwurdige.

Yn 1648, mei de ein fan 'e opstân waard de Republyk as in selsstannige naasje erkend troch Spanje en it Hillige Roomske Ryk, dêr't er oant doe noch formeel ûnder foel.

Frânske tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de Bataafske Revolúsje yn 1795 sette in nij proses fan sintralisaasje útein. De gewesten waarden sels opheft en omfoarme ta departeminten nei Frânsk model. Op 1 jannewaris 1796 waarden Drinte en Steats-Brabân (omneamd ta Bataafsk Brabân) de achtste en njoggende provinsjes. Steats-Flaanderen en Steats-Oermaas waarden part fan Frankryk, dy't de Súdlike Nederlannen ûnderwilens anneksearre hie.

Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard Nederlân fan 1798 oant 1801 yngeand feroare en reorgainsearre ta acht depareminten, dy't hast allegear nij rivieren neamd waarden, nei foarbyld fan Frankyk. Dat moast tefoaren komme dat de âlde provinsjes harren autonomy werom hawwe woene.

Nei trije jier, nei in steatsgreep, waarden de grinzen fan de âlde gewesten fannijs ynfierd, dochs net harren autonome status. Hja bleaune departeminten en Drinte waard oan Oerisel tafoege. Yn 1806 waard de Bataafske Republyk troch it Keninkryk Hollân ferfongen. It eardere gewest Hollân waard foar it earst spjalte mei it departemint Amstellân yn it noarden en it departemint Maaslân yn it suden. Yn 1807 waard East-Fryslân as departemint tafoege en Drinte waard wer fan Oerisel ôfspjalte, dêr't der doe 11 departeminten by wiene.

Doe't Nederlân yn 1810 alhiel by Frankryk foege waard, bleaune de grinzen fan de departeminten hast itselde, guon waarden byinoar foege, mar de nammen waarden feroare, benammen wer nei rivieren, mar oars as by de Bataafske Republyk.

Nijmoderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Frânske tiid waarden yn 1815 de Noardlike en Súdlike Nederlannen gearfoege ta it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen. De nije ienheidsteat waard ferparte yn santjin provinsjes, dochs krigen de provinsjes harren âlde autonomy net werom. Ek it ferskil yn status tusken de provinsjes ferdwûn. Drinte en Steats-Brabân, dat no Noard-Brabân hiet, waarden lyksteld mei de oare provinsjes. De oare eardere genearliteitslannen waarden gearfoege mei oare gebieten. Steats-Flaanderen kaam by Seelân en Steats-Oermaas kaam by de nije provinsje Limboarch. Yn 'e Súdliek Nederlannen hongen de grinzen fan de measte provinsjes aardich gear mei de fan d eeardere Frânske departeminten dêre.

Nei de Belgyske Revolúsje yn 1830 skaten de Súdnederlânske provinsjes harren fan it noarden ôf. By it erkennen fan de Belgyske ûnôfhinklikens yn 1839 krige Nederlân it eastlike part fan Limboarch yn ruil foar it westlike part fan it Gruthartochdom Lúksemboarch dat by Belgje bleau. De Nederlânske provinsje Limboarch krige dêrby ynearsten in aparte status. It wie nammers tagelyk as Hartochdom Limboarch ek lid fan de Dútske Bûn. Nei't dy status aparte opheft waard, bleau it provinsjaal bestjoer de titel "Hartochdom" noch fjirtich jier brûken. Ek út dy tiid komt de titel "gûverneur", dêr't yn Limboarch de Kommissaris fan de Kening noch altyd neamd wurdt.

Yn 1840 waard de provinsje Hollân yn twa provinsjes spjlate: Noard-Hollân en Súd-Hollân. Dêrmei waard dy skieding formalisearre dy't al sûnt de Frânske tiid bestien hie, dêr't de provinsje Hollân twa bestjoersintrums by hie.

De provinsje Flevolân ûntstie op 1 jannewaris 1986 út 'e Iselmarpolders.

Yn 1997 waard de offisjele namme fan Fryslân de Frysktalige namme, dy't it Nederlânsktalige Friesland ferfong.

Provinsje /gewest Sûnt Fuortkommen út Oare namen Uny fan Utert
1579
Plakkaat fan Ofswarring
1581
Sân gewesten
Utert 1581 Hearlikheid Utert Suderseedepartemint 1579 1581 1*
Noard-Hollân (1581) / 1840 ( Greefskip Hollân) / Hollân Amstellân, Suderseedepartemint 1579 1581 2*
Súd-Hollân (1581) / 1840 ( Greefskip Hollân) / Hollân Maaslân, Mûnings fan de Maas 1579 1581 2*
Seelân 1581 Greefskip Seelân Mûnings fan de Skelde 1579 1581 3*, Generaliteitslannen
Gelderlân 1581 Hartochdom Gelre en

Greefskip Sutfen

Boppe-Isel 1579 1581 4*
Fryslân 1581 Hearlikheid Fryslân - 1579 1581 5*
Oerisel 1588 Hearlikheid Oerisel Mûnings fan de Isel - 1588 6
Grinslân 1594 Stêd en Lân Westeriems 1579 1594 7
Drinte (1588) Lânskip Drinte Westeriems - 1588 (8)
Noard-Brabân 1648 / (1795) Hartochdom Brabân Steats-Brabân, Bataafsk-Brabân, Brabân, Twa Neten, Mûnings fan de Ryn - (1581) Generaliteitslannen
Limboarch 1815 / 1866 Leechmaas

Hartochdom Limboarch

Part Steats-Oermaas en Steats-Boppe-Gelre - - (Generaliteitslannen)
Flevolân 1984 Sudersee, Urk en Skoklân (Oerisel) - - - -

*: De earste fiif gewesten dy't ta de Uny fan Utert yn 1579 oansleaten.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A&O provincies, Personeelsmonitor provincies (2018).
Provinsjes fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
wizigje