De Bosk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Under construction icon-red.svg
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is.


De Bosk
's-Hertogenbosch - Panorama - Gezicht op Sint Jan vanaf Sint Jacobskerktoren - RCE.jpg Panorama fan it sintrum
Flagge Wapen
Flag of 's-Hertogenbosch.svg S-Hertogenbosch wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 111.025 (31-12-2021) [1]
Oerflak 39,98 km²
wêrfan lân: 36,38 km²
wêrfan wetter: 3,60 km²
Befolkingstichtens 2.777 / km²
Hichte 6,5 m
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje North Brabant-Flag.svg Noard-Brabân
Oar
Stifting 1184
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 41' NB, 5° 18' EL
Webside Side gemeente De Bosk
Stedsgebiet (giel) fan de stêd De Bosk yn de gemeente De Bosk
1rightarrow.png Dizze side giet oer de stêd De Bosk. Foar de gemeente dêr't dy stêd it haadplak fan is, sjoch: De Bosk (gemeente).

De Bosk (Nederlânsk en offisjeel: 's-Hertogenbosch; yn 'e folksmûle ek faak: Den Bosch, Frânsk: Bois le Duc, Dútsk: Herzogenbusch) is in stêd en de haadstêd fan de provinsje Noard-Brabân. De stêd is ek de haadstêd fan de gemeente mei deselde namme. De stêd hie 111.025 ynwenners yn 2021 yn in gebiet fan sa'n 40 km². De Bosk krige yn 1184 stedsrjochten, itjinge sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan de stêd is ôflaat fan it âlde Nederlânske des Hertogen bosch, itjinge "bosk fan de hartoch" betsjut. It soe om hartoch Hindrik I fan Brabân gean, waans famylje in grutte lape grûn by it tichteby lizzende Orthen foar goed fjouwer iuwen besiet. Hy stifte in nij plak op beboske sândunen yn it midden fan sompich lân. Yn 1184 joech er it plak stedsrjochten. Dat jiertal waard lykwols letter troch skiedkundigen jûn, want it plak wurdt yn boarnen pas yn 1196 neamd. It oarspronklike dokumint is weirekke. De hartoch joech de stêd stedsrjochten omreden syn lânguod tsjin Gelre en Hollân te beskermjen, want hy makke fan de stêd in grutte fêsting. Yn 1203 rekke de stêd swier skeind troch in militêre operaasje fan Gelre en Hollân, mar waard al rillegau weropboud. Der binne noch oerbliuwsels fan de oarspronklike stedsmuorren.

Yn de ein fan de fjirtjinde iuw waarden de stedsmuorren fersterke om de waaksende stêd better te beskermjen. Grêften waarden bûten de muorre om de stêd hinne groeven, dêr't de rivieren de Dommel en Aa op oansletten. De Bosk wie it berteplak fan ien fan de grutste skilders fan it tiidrek fan de noardliek Renessânse, Jheronimus Bosch. Yn 1463 wie der in grutte stedsbrân yn De Bosk dy't Bosch yn de âldens fan likernôch 13 jier meimakke. Dy brân foarme in ynspiraasjeboarne fan syn skilderings dêr't er letter ferneamd om wurde soe.

De stêd makke dêrnei in bloeitiid mei en wie om 1520 nei Utert de grutste stêd op it grûngebiet fan it hjoeddeistige Nederlân. Yn dy snuorje wie De Bosk ek it thús fan guon ferneamde muzikanten, sa as bygelyks Jheronimus Clibano, Mattéus Pipelare en Pierre Alamire.

Tachtichjierrige Kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de snuorje fan de Reformaasje rekke de stêd belutsen by de strideraasjes. De stêd waard in selsstannich bisdom. Yn de Tachtichjierrige Kriich keas de stêd de kant fan de Habsburchske machthawwers. De stêd waard ferskate kearen belegere troch prins Maurits fan Oranje-Nassau, steedhâlder fan it grutste part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dy't de stêd ûnder syn hearskippij bringe woe. De ferdigening fan de stêd slagge ûnder lieding troch Klaudius fan Berlaymont.

Yn it Tolvejierrich Bestân waard it ferdigeningswurk fan de stêd swier fersterke. It omlizzende sompelân makke in konvinsjonele belegering ûnmooglik, en de fêsting krige de bynamme de "Sompedraak". Yn 1629 waard de stêd lang om let troch steedhâlder Freark Hindrik oermastere mei help fan in typyske Nederlânske strategy. Hy liet de rivieren Dommel en Aa omlizze, liet in polder oanlizzen om troch in dyk fan 40 km oan te lizzen sa't er it lân drûchmealle koe. Nei in belegering fan trije moanne, moast de stêd belies jaan en joech him oer. Dat wie in grutte tsjinslach foar de Habsburgers. De stêd waard fan de rest fan it Hartochdom Brabân ôfsnien en waard part fan it troch de Republyk besette gebieten, bekend as de generaliteitslannen, sa as Steatsk-Brabân yn dit gefal. De generaliteitslannen wiene net lykweardich as oan de oare goaen fan de Republyk en hiene alhiel gjin sizzenskip.

Iermoderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Frede fan Westfalen yn 1648 waarden de muorren fannijs fersterke. Yn 1672, it Nederlânske rampjier, ferdigene de stêd him tsjin de troepen fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk. Yn 1794 foelen Frânske revolúsjonêre troepen ûnder lieding fan Charles Pichegru de stêd oan. De stêd wie net sterk ferdigene en foel al rillegau yn Frânske hannen. Dêrnei stuts er de rivieren oer en justjes dêrnei de Republyk foel.

Yn de Bataafske Republyk, dy't yn 1795 foarme waard, waarden katoliken en Brabanners lyksteld. Yn 1806 waard de stêd part fan it Keninkryk Hollân en yn 1810 fan it Earste Frânske Keizerryk. It waard yn 1814 troch de Prusen befrijd.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1815 waard it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen stifte en waard De Bosk haadstêd fan de nije provinsje Noard-Brabân. In soad nije en nijmoadrige fêstingwurken waarden yn de omkriten fan de stêd boud. In nij kanaal, de Súd-Willemsfeart, waard groeven, dy't de stêd in ekonomyske ympuls joech. Hannel, niverheid en yndustry woeks. Oant 1878 wie it ferbean bûten de stedsmuorren te bouwen. Dat late ta oerbefolking yn de stêd mei de heechste bernestjerte yn it keninkryk.

Oan de ein fan de njoggentjinde iuw foarkaam it tige konservative gemeentebestjoer yndustriële ûntjouwing om it tanimmen fan wurklju tefoare te kommen, allyk it stiftsjen fan ûnderrjochtsynstellings. Studinten waarden as disoarderlik sjoen. Dat late ta it minder wichtich wurden fan de stêd.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie der in konsintraasjekamp súdlik fan De Bosk, Kamp Vught by it doarp Vught, troch de Dútsers Herzogenbusch neamd. Dat wie ien fan de pear konsintraasjekampen yn west-Jeropa bûten Dútslân en Eastenryk. It kamp waard tusken jannewaris 1943 oant septimber 1944 brûkt en hie sa'n 30.000 finzenen, dêr't der 12.000 Joaden fan wiene. De stêd waard tusken 24 en 27 oktober 1944 troch Britske soldaten fan de majoar-generaal Robert Knox Ross syn 53e (Welske) ynfanterydifyzje befrijd.

Nei de kriich, waard De Bosk modernisearre, lykas in soad oare stêden yn Nederlân. Der wiene ynearsten plannen om de âlde binnenstêd te fernijen en in soad âlde pannen te slopen om diken te ferbreedzjen. Al gau ûntstie it besef om de âlde histoarje fan de stêd te bewarjen en te beskermjen.



Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
 
Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alfen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Haaren - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert