Springe nei ynhâld

Generaliteitslannen

Ut Wikipedy
     Generaliteitslannen

Generaliteitslannen wienen gebieten dy't yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen direkt bestjoerd waarden troch de Steaten-Generaal.

Oars as de sân gewesten (feitlik acht, mar Drinte hie gjin stim yn de Steaten-Generaal) - Grinslân, Fryslân, Oerisel, Gelderlân, Utert, Hollân en Seelân – hienen sy gjin stim yn it lânsbestjoer. It wienen meast roomsk-katolike gebieten dy't op in letter stuit fan in de Tachtichjierrige Kriich op Spanje ferôvere wiene, of yn guon gefallen sels earst nei de ein fan de Spaanske suksesjeoarloch yn 1713 oan de Republyk kamen, sa as Steatsk-Boppe-Gelre. De generaliteitslannen funearren faak as in buffersône tusken de Republyk en de Spaanske- en Eastenrykske Nederlannen. Westerwâlde en Wedde wie nei de Reduksje fan Grins yn 1594 oant 1619 ek in generaliteitslân mar wie nei 1619 de facto part fan it Hearlikheid Stêd en Lân fan Grinslân. Wat ekonomy oanbelange wiene it wingewesten, dy't swiere belestingen en hege heffings oplein krigen.