Tilburch
| Tilburch | ||
| De skyline fan Tilburch mei de Westpoint-toer | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Nederlân | |
| Provinsje | Noard-Brabân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 205.405 (2025)[1] | |
| Oerflak | 88,6 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.318,34 ynw./km² | |
| Hichte | 15 m | |
| Oar | ||
| Stifting | stedsrjochten 1809 | |
| Postkoade | 5000–5049 | |
| Netnûmer | 013 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Plattegrûn stêd | ||
| Offisjele webside | ||
| Kaart | ||
Tilburch is in grutte stêd yn it suden fan Nederlân en de op ien nei grutste fan 'e provinsje Noard-Brabân. De stêd stiet bekend om syn tekstylferline, syn ynnovaasjedrang en it libbene studintelibben.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme Tilburch komt foar it earst foar yn in dokumint út 709 as Tilliburgis. Dat docht bliken út it Liber aureus fan 1191, wêryn't dat dokumint út 709 oerskreaun waard. Yn dy tiid wie it noch gjin stêd, mar in samling lytse delsettings op sângrûn. Yn 'e midsiuwen foel Tilburch ûnder de Hearlikheid Tilburch en Goirle. It gebiet waard fanút it kastiel fan Tilburch bestjoerd, dat yn 'e 15e iuw boud waard (mar yn 'e 19e iuw folslein sloopt is).
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1803 waard it gebiet opsplitst yn 'e gemeente Goirle en Tilburch. Stedsrjochten krige Tilburch earst yn 1809. Yn 'e 19e iuw ûntwikkele Tilburch him ta de 'wolstêd' fan Nederlân. De Roomsk-Katolike Tsjerke spile dêr in tige wichtige rol by. By de folkstelling fan maart 1809 telde Tilburch 9465 ynwenners: 98% wiene katolyk, fan 'e oare twa prosint bestie it grutste part út grifformearden en fierder wiene der noch wat joaden, lutheranen, remonstranten en mennoniten. De stêd wie in bolwurk fan it saneamde Rike Roomske Libben en net allinnich op it deistich libben, mar ek op it ûnderwiis, de sûnenssoarch en sels de fabryksorganisaasje sette it katolisisme syn stimpel.
In opfallend detail is dat kening Willem II yn 'e 19e iuw al in foarleafde foar Tilburch hie, wat letter late ta de namme fan de pleatslike fuotbalklub: Willem II.
20e iuw en de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iere 20e iuw brocht modernisearring, mar ek grutte earmoede ûnder de arbeiders.
Yn de oarlochsjierren wie Tilburch ferskate kearen it doelwyt fan loftoanfallen, benammen fanwegen de strategyske lizzing fan it spoar en de tekstylfabriken dy't troch de besetter brûkt waarden. Al yn 'e earste dagen fan 'e oarloch foelen de earste bommen. Frânske troepen besochten de Dútske opmars te kearen, wat late ta fernielingen yn ûnder oaren de wyk Broekhoven. Ien fan 'e swierste klappen foel op 30 septimber 1944 doe't Britske fleantugen by fersin in wenwyk yn stee fan it tichtbylizzende spoar bombardearren. Dêr kamen tsientallen boargers by om it libben en in soad huzen yn 'e omjouwing fan 'e Gasthuisstraat waarden ferneatige. Ek yn 'e dagen flak foar de befrijing op 27 oktober 1944 troch de 15e (Scottish) Infantry Division wie der noch in soad geweld. De Dútsers besochten wichtige ynfrastruktuer op te blazen, wylst alliearde artillerybesjittings de stêd rekken. Fan 'e 130 joadske ynwenners dy't yn 'e oarloch deportearre waarden nei kampen kamen mar 10 oant 12 persoanen werom. It grutste part fan 'e 370 leden fan 'e joadske mienskip oerlibbe lykwols de oarloch.
Nei-oarlochske skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei 1945 krige de tekstylindustry it dreech troch konkurrinsje út it bûtenlân. Yn 'e jierren 1960 en 1970 moasten de measte fabriken de doarren slute. Tilburch moast himsels opnij útfine en de stêd transformearre fan in grize yndustrystêd nei in moderne tsjinstestêd mei in sterke fokus op ûnderwiis en logistyk. De âlde spoargebouwen waarden net sloopt, mar omboud ta hippe kulturele briedplakken.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tilburch hat in jonge befolking. Mei mear as 217.000 ynwenners is it in groeistêd. De oanwêzigens fan in universiteit en ferskate hegeskoallen soarget foar in grutte groep studinten, wat de trochsnit leeftyd leech hâldt. Likernôch 25% fan de ynwenners hat in migraasje-achtergrûn.
Kultuer en monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd hat in ryk kultureel oanbod:
- De Pont is in museum foar hjoeddeiske keunst en ûnderbrocht yn in âlde wolspinnerij.
- Yn it TextielMuseum wurdt it ferline fan 'e stêd keppele oan moderne technyk en design.
- De LocHal is de nije bibleteek yn 'e Spoorzone. De LocHal hat ferskillende arsjitektuerprizen wûn.
- It Peerke Donderspark ynformearret oer ien fan 'e meast ferneamde ynwenners fan Tilburch: Peerke Donders.
Monuminten;
- It Paleis-Riedshûs waard boud foar kening Willem II,
- De neogotyske Sint-Joazefstsjerke (Heuvelske tsjerke) is byldbepalend foar it sintrum. Oare wichtige parochytsjerken binne de Heikeske tsjerke en Goirkeske tsjerke.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tilburch is ien fan 'e wichtichste ûnderwiisstêden fan Nederlân. Tilburg University stiet ynternasjonaal heech oanskreaun op it mêd fan ekonomy, rjochten en sosjale wittenskippen. Dêrnjonken biede de Fontys Hogescholen en Avans Hogeschool in breed skala oan HBO-opliedingen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Gemeente Tilburch
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
