Bisdom De Bosk
Bisdom De Bosk | ||
Basisgegevens | ||
Patroanhillige | Sint-Jan de Evangelist | |
Hiemside | bisdomdenbosch.nl | |
Hierargy | ||
Biskop | Gerard de Korte | |
Statistyk | ||
Oerflak | 3.826 km² | |
Parochy's | 60 (2021) dêrnjonken: 1 migrantemienskip | |
Tal tsjerken | 246 (2021) | |
Tal katoliken | 1.027.000 (2021) | |
Gebiet bisdom De Bosk |
It bisdom De Bosk (Latyn: Dioecesis Buscoducensis) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De biskop hat de sit yn De Bosk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste bisdom De Bosk waard troch Paulus IV mei de bul "Super Universas" op 12 maaie 1559 út gebieten fan it bisdom Luik oprjochte. It bisdom foel ûnder it aartsbisdom Mechelen en de katedraal fan De Bosk waard de oan Jehannes de Evangelist wijde Sint-Jan. Op 20 maart 1561 waard Franciscus Sonnius as earste biskop beneamd.
Nei de ynfiering fan de reformaasje waarden de bisdommen yn de Noardlike Nederlannen opheft. Dat barde ek mei it bisdom De Bosk, doe't de troepen fan de Republyk yn 1629 de stêd oermasteren. It bisdom waard feitlik opheft en it gebiet wer by it bisdom Luik foege.
Yn 1657 waard it Apostoalyske Fikariaat De Bosk stifte en dêrnei soe mear as 200 jier in fikaris it bisdom bestjoere. Op 15 july 1801 waarden dielen fan it ophefte bisdom Antwerpen by it fikariaat foege en op 22 maart 1803 waarden dielen fan it fikariaat wer ôfstien foar de stifting fan it Apostoalysk Fikariaat Breda. De gebieten fan de ophefte Apostoalyske Fikariaten Grave-Nijmegen en Ravenstein-Megen waarden by De Bosk foege.
De feroarings yn de grûnwet fan 1848 makke de werynrjochting fan de biskoplike hiërargy mooglik. Op 4 maart 1853 waard it bisdom De Bosk op'e nij ynsteld.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Patroanhillige fan it bisdom is Jehannes de Evangelist. It symboal fan Jehannes de Evangelist, in earn, komt foar yn it wapenskyld fan it bisdom.
Biskoppen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskop fan De Bosk (earste ynstelling fan it bisdom) | ||
---|---|---|
1561-1570 | Franciscus Sonnius | Sûnt 1570 biskop fan it bisdom Antwerpen |
1570-1580 | Laurentius Metsius | |
1584-1592 | Clemens Crabeels | |
1593-1614 | Ghisbertus Masius | |
1615-1625 | Nicolaas Zoesius | |
1626-1637 | Michael Ophovius O.P. | |
1637-1641 | sede vacante (sit net beset) | Henricus van de Leemputte (fikaris) |
1641-1645 | Joseph Bergaigne O.F.M. | Sûnt 1645 aartsbiskop fan Kamerijk |
Apostoalysk fikaris fan De Bosk | ||
1657-1661 | Jacobus de la Torre | 1658-1662 Judocus Houbraken fikaris-generaal |
1662-1666 | sede vacante | Eugeen Albert d'Allamont (apostoalysk administrator); sûnt 1666 biskop fan Gint |
1666-1677 | Joannes Hubens | |
1677-1681 | Judocus Houbraken | |
1681-1690 | Guilielmus Bassery | Sûnt 1690 biskop fan Brugge |
1691-1701 | Martinus Steyaert | |
1701-1726 | Petrus Govarts | |
1727-1727 | Franciscus van Rants O.P. | Yn jannewaris 1727 beneamd, mar noch foar de wijing ferstoarn yn maaie 1727 |
1727-1731(?) | Franciscus Ludovicus Sanguessa O.F.M. Rec. | Biskop fan Roermond 1722-1741; koe it fikariaat net útfiere |
1731-1742 | Ghijsbertus van der Asdonck | |
1742-1745(?) | Johann van der Lee | Beneamd (1743), mar ferset troch de Steaten; loek him yn 1744 werom |
1745-1756 | Martinus van Litsenborg | |
1763-1790 | Andreas Aerts | |
1790-1831 | Antonius van Alphen | |
1831-1851 | Henricus den Dubbelden | 1842-1851: Joannes Zwijsen (koadjutor) |
1851-1853 | Joannes Zwijsen | |
Biskop fan De Bosk (twadde ynstelling fan it bisdom) | ||
1853-1877 | Joannes Zwijsen | Fan 1853 oant 1868 ek aartsbiskop fan Utert 1877-1878: Adrianus Godschalk (helpbiskop) |
1878-1892 | Adrianus Godschalk | |
1892-1919 | Wilhelmus van de Ven | 1915-1919: Arnold Diepen (koadjutor) |
1919-1943 | Arnold Diepen | 1942-1943: Wilhelmus Mutsaerts (koadjutor) |
1943-1960 | Wilhelmus Mutsaerts | 1956-1960: Wilhelmus Bekkers (koadjutor) |
1960-1966 | Wilhelmus Bekkers | 1961-1966: Johannes Bluyssen (helpbiskop) |
1966-1984 | Johannes Bluyssen | |
1985-1998 | Johannes ter Schure S.D.B. | Wie earder helpbiskop fan Roermond |
1998-2016 | Antoon Hurkmans | 2010-2011: Jan Liesen (helpbiskop); sûnt 2011 biskop fan Breda 2010-heden: Rob Mutsaerts (helpbiskop) |
2016-heden | Gerard de Korte | [1] |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân | ||
---|---|---|
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch | |
· · |