Bisdom Rotterdam
It bisdom Rotterdam (Latyn: Dioecesis Roterodamensis) is ien fan de sân bisdommen fan de Nederlânske roomsk-katolike tsjerkeprovinsje. It bisdom omfiemet de provinsje Súd-Hollân en in pear plakken yn de provinsje Utert (Oudewater, Vijfheerenlanden, Woerden en sûnt 2011 Kamerik).
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It bisdom waard stifte op 16 july 1955 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Haarlim. It fyftichjierrich jubileum fan it bisdom waard yn 2005 fierd mei in jubileummisse, dêr't ek de doedestiidske prins Willem-Aleksander en prinses Maksima by wiene.
Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As katedraal fan it nije bisdom tsjinne oant 1967 de neogoatyske Sint-Ignatiustsjerke. By de wijing as katedraal waard Laurentius, de patroanhillige fan Rotterdam, tafoege oan de namme. De Laurentius- en Ignatiuskatedraal waard yn 1967 sletten en twa jier letter ôfbrutsen. Sûnt dy tiid is de H.H. Elisabet en Laurentiustsjerke de katedraal fan it bisdom.
Patroanhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Biskoppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Biskop fan Rotterdam | ||
---|---|---|
1956 - 1970 | Martinus Jansen | |
1970 - 1983 | Adrianus Simonis | 1982 - 1983: Philippe Bär (helpbiskop) |
1983 - 1993 | Philippe Bär | |
1994 - 2011 | Ad van Luyn | 2011: Ad van Luyn (foar fjouwer moanne apostoalysk administrator) |
2011 - no (2020) | Hans van den Hende |
keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roomsk-katolike bisdom Rotterdam fan Wikimedia Commons. |
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch |