Laurentius- en Ignatiuskatedraal (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Laurentius- en Ignatiuskatedraal
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Westzeedijk 90
koördinaten 51° 54' N 4° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rotterdam
patroanhillige Ignatius fan Loyola
Laurentius fan Rome
Arsjitektuer
arsjitekt Nicolaas Molenaar
boujier 1890-1892
sloopjier 1968
boustyl Neogotyk
Kaart
Laurentius- en Ignatiuskatedraal (Rotterdam-Sintrum)
Laurentius- en Ignatiuskatedraal

De HH. Laurentius- en Ignatiuskatedraal oan 'e Westzeedijk yn Rotterdam wie in neogoatyske katedraal fan it bisdom Rotterdam. De katedraal waard yn 1967 foar de earetsjinst sletten en rillegau dêrnei ôfbrusten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik allinne oan Sint-Ignatius wijde tsjerke waard tusken 1890 en 1892 neffens in ûntwerp fan Nicolaas Molenaar (1850-1930), in learling fan Pierre Cuypers, boud as in trijeskippige krúsbasilyk mei twa transepten en in koer mei omgong. Njonken de foargevel stie in toer dy't bekroand waard mei hoekpinakels en in smelle achtside spits.

Ynterieur

De troch paters jezuïten behearde tsjerke tsjinne as de parochytsjerke foar it Scheepvaartkwartier en it súdlike stedssintrum. De tsjerke oerlibbe it bombardemint fan 1940 op de stêd en krige by de oprjochting fan it bisdom Rotterdam yn 1956 sels de status fan katedraal. Yn it ramt dêrfan waard ek de patroanhillige fan 'e stêd, Sint-Laurentius tafoege as patroanhillige fan de katedraal.

Yn 'e jierren 1960 hie de parochy te meitsjen mei de ûntfolking fan de binnenstêd. In restauraasje fan 'e tsjerke, werfan de foargevel al in skoft yn 'e steigers stie, soe in miljoen gûne kostje moatte. Dêrom naam de doedestiidske biskop it beslút de tsjerke op 1 oktober 1967 te sluten. As katedraal foar it bisdom Rotterdam tsjinne dêrnei de Elisabettsjerke oan 'e Mathenesserlaan, wylst de Kapel fan it Alderhillichst Sakramint sûnt as de parochytsjerke tsjinnet.[1]

Op de nei de ôfbraak frijkommen grûn waard in kantoarekompleks boud, dat yn 2018 ferboud waard ta in grutskalich appartemintekompleks foar senioaren.

It oargel fan 'e katedraal, dat yn 1863 boud waard troch de firma Loret & Vermeersch, ferhûze nei de Sint-Augustinuskerk yn Geleen. It oerwurk fan 'e tsjerke kaam yn de Hillich Herttsjerke fan Skiedam telâne en in byld fan Marije fan 'e Wynhaven krige in plak yn de Kapel fan it Alderhillichst Sakramint (de tsjintwurdige Iendrachtskapel).

In lytse twa jier letter soe ek de grifformearde Nije Sudertsjerke foar de katedraal oer sloopt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: