Sint-Antoniuskatedraal (Breda)
Sint-Antoniuskatedraal | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Brabân | |
plak | Breda | |
adres | Sint-Jansstraat 10 | |
koördinaten | 52° 35'N 4° 46'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Breda | |
patroanhillige | Antonius fan Padua | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1836-1837 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 10227 | |
Webside | ||
Side parochy Breda-sintrum | ||
Kaart | ||
De Sint-Antoniuskatedraal yn Breda is de oan Antonius fan Padua wijde katedraal fan it bisdom Breda.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal is in saneamde wettersteatstsjerke, in tsjerke dêr't de bou fan foar in grut diel betelle waard troch it Ryk en om dy reden ûnder tafersjoch stie fan 'e yngenieurs fan Wettersteat.
De neoklassistyske tsjerke waard yn 1837 neffens in ûntwerp fan de 'protestanske arsjitekt Pieter Huijsers boud. De trijeskippige halletsjerke wie ornearre as parochytsjerke, mar waard nei de ynfiering fan de biskoplike hierargy yn Nederlân de earste katedraal fan it bisdom.
Alhoewol't de arsjitektuer fan de Antoniustsjerke fan heech nivo is, wied er net sa grut en hied er ek net de grandeur fan in katedraal. Doe't de neogoatyske Sint-Barbaratsjerke boud waard, ferlear de Antoniustsjerke de funksje fan katedraal oan 'e monumintalere Barbaratsjerke.
De Barbaratsjerke waard yn it begjin fan de jierren 1970 sletten en ôfbrutsen en as katedraal fungearre doe de letter ek ôfbrutsen Sint-Michaeltsjerke. Sûnt it begjin fan it nije millenium is op oanwizing fan biskop Muskens de Antoniustsjerke wer de katedraal fan it bisdom Breda. Fan 2001 oant 2005 is de katedraal restaurearre.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet in moaie houten preekstoel fan de Flaamske keunstner Hendrik Peeters-Divoort mei foarstellings út it libben fan de hillige Antonius. Ek it besjen wurdich is it Antonius-alter út 1899, it haadalter út 1888 en de brânskildere ramen.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard troch de Belgyske oargelfamylje Loret boud en yn 1910 yngrypend ferboud troch Michaël Maarschalkerweerd, dy't û.o. in pneumatyske traktuer oanbrocht. Om 1950 hinne feroare de firma Verschueren it ynstrumint. It oargel hat twa manualen, fjirtjin registers en in frij pedaal.
Sûnt 2005 hat de tsjerke in út Londen ôfkomstich twamanualich koeroargel, dat yn 1905 boud waard troch William Hill & Sons. It hat sân registers, in oanhongen pedaal en in mechanyske traktuer.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Preekstoel
-
Haadalter
-
Oargel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Antoniuskathedraal (Breda)
|