Antonius fan Padûa
| Antonius | ||
| Antonius mei it Jezus-bern | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Fernando Martins de Bulhões | |
| nasjonaliteit | Portegeesk | |
| bertedatum | 15 augustus 1195 | |
| berteplak | Lissabon, Portegal | |
| stjerdatum | 13 juny 1231 | |
| stjerplak | Padûa | |
| wurkpaad | ||
| berop | muonts | |
| hillichferklearring | ||
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 13 juny (R.-K.) | |
| hillichdom | Sint-Antonybasilyk, Padûa | |
| attributen | Boek, it Jezus-bern; leelje; minder faak: fisk, ezel, bôle | |
| patroan fan | Portegal, Lissabon, Padûa, Paderborn, allinnichsteande froulju, bern, earmen, mynwurkers, it houlik, minsken dy't fereale binne | |
Antonius fan Padûa (Portegeesk: Santo António de Pádua), berne as Fernando Martins de Bulhões (* 15 augustus 1195 – † 13 juny 1231) – ek bekend ûnder de namme Sint-Antonius fan Lissabon (Santo António de Lisboa) – wie in katolyk preester en in muonts fan 'e Fransiskaanske oarder. Hy waard berne yn in rike húshâlding yn Lissabon, Portegal en ferstoar yn Padûa, Itaalje. Nei syn dea waard er troch paus Gregoarius IX mei grutte faasje hillich ferklearre. Yn 1946 waard Antonius beneamd ta tsjerkelearaar en noch jimmeroan is Antonius ien fan 'e meast populêre katolike hilligen. Fan Antonius is yn in hiel soad tsjerken in alter of devoasjebyld te finen. De hillige kin oanroppen wurde foar help as immen wat ferlern is.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fernando Martins de Bulhões waard berne yn Lissabon. Neffens 15e-iuwske boarnen wiene syn âlden Vicente Martins en Teresa Pais Taveira en syn heit de broer fan Pedro Martins de Bulhões, in foarfaar fan 'e famylje Bulhão of Bulhões. Syn heit en mem wiene ryk en regelen dat er ûnderwiis krige yn 'e lokale katedrale skoalle. Yn 'e âldens fan fyftjin foege er him by de mienskip fan reguliere kanunniken fan 'e Oarder fan it Hillich Krús yn 'e augustynske abdij fan Sint-Finsintius, krekt bûten Lissabon.
Yn 1212 frege Antonius in oerpleatsing oan nei it memmehûs fan 'e kongregaasje, it Kleaster fan it Hillich Krús yn Coimbra, de doedestiidske haadstêd fan Portegal. Dêr studearre de jonge Fernando teology en Latynsk.
Nei syn preesterwijing droech Fernando yn 'e âldens fan 19 de soarch foar de gasten yn 'e abdij. Doe't er yn Coimbra bleau, setten fransikaanske muontsen harren nei wenjen yn in lytse, oan Antonius fan Egypte wijde hermitaazje bûten Coimbra. De ienfâldige, kristlike libbensstyl fan 'e bruorren fan 'e oarder, dy't noch mar 11 jier earder stifte wie, mocht Fernando graach lije. It wie yn 'e tiid doe't it nijs kaam doe dat fiif fransiskaanske bruorren yn Marokko ûnthalze wiene, de earste martlers fan dy oarder. Kening Alfons kocht de lichems frij om se nei Portegal te heljen en te begraven as martlers yn 'e abdij fan it Hillich Krús. It makke allegear grutte yndruk op Fernando en hy frege en krige tastimming fan 'e tsjerklike autoriteiten om de reguliere kanunniken te ferlitten om him by de nije fransiskaanske oarder te foegjen. Hy gyng yn in lytse hermitaazje yn Olivais wenjen en naam de namme Antonius oan (neffens de namme fan 'e lytse kapel fan dy hermitaazje, dy't wijd wie oan Antonius de Grutte).
Antonius ferliet doe Olivais en gyng nei Marokko om syn nije ropping ynfolling te jaan en it evangeelje nei de moslims te bringen. Hy waard dêr lykwols slim siik en ferliet it lân om yn Portegal wer better te wurden. Op 'e weromreis waard it skip lykwols út koers blaasd en sa kaam Antonius oan op Sisylje.

Fan Sisylje reizge er nei Toskane, dêr't er in kleaster fan 'e oarder tawiisd krige, mar fanwegen syn syklike steat kaam er lang om let telâne yn in lannelike hermitaazje yn 'e omkriten fan Forlì, Romagna. Yn in grot yn 'e buert fan dy hermitaazje brocht er de tiid yn gebed en stúdzje troch.

(Friedrich Pacher, 1477).
It barde ris by in wijing yn 1222 yn Forlì dat in groep Dominikanen oanwêzich wie en der in misferstân ûntstie oer de fraach wa't preekje soe. De Fransiskanen tochten dat ien fan 'e Dominikanen de preekstoel op gyng, want hja hiene úteinliks net foar neat de namme preekhearen. Mar de Dominikanen hiene harren net taret en tochten dat in Fransiskaan de preek fersoargje soe. It wie in lestige sitewaasje foar it haad fan 'e hermitaazje, want ûnder syn ienfâldige muonsten seach er net ien betûft genôch foar dy taak. Dat hy frege lang om let Antonius mar om de preek te dwaan. Antonius hie der net in soad nocht oan, mar hie liet him oerhelje en de preek dy't er ôfstiek makke djippe yndruk. Net allinne syn rike stim mar ek it tema, de opbou fan syn wurden en syn oandwaanlike ferskining soargen der foar dat der mei in soad niget nei de wurden fan Antonius harke waard. Elk wie tige ûnder de yndruk fan syn kennis fan 'e Skrift, dy't er him yn syn jierren as augustynske muonts sa eigen makke hie.
Op dat stuit waard Antonius troch de muonts Gratian nei de fransiskaanske provinsje Romagna stjoerd, dy't yn Bologna in fêstiging hie. Hy krige al gau de oandacht fan Fransiskus fan Assisi, de stifter fan 'e oarder. Fransiskus stelde grutte fraachtekens by it plak fan 'e teologyske stúdzjes yn it libben fan syn bruorskip en wie benaud dat it tekoart oan kunde late ta it opjaan fan 'e tawijing oan in libben fan echte earmoed. Yn Antonius seach er lykwols in echte geastessibbe, dy't yn steat wie jonge muontsen fan 'e oarder de lear te jaan, dy't se nedich hiene om in tawijd libben te lieden. En sa betroude er yn 1224 de jonge muontsen oan 'e soarch fan Antonius ta.
De reden wêrom't Antonius' help ynroppen wurde kin foar it finen fan saken dy't stellen of ferlern binne, hat te meitsjen mei in foarfal yn Bologna. Neffens it ferhaal hie Antonius in psalmboek dat foar him fan belang wie, om't der oantekenings en opmerkings yn stiene dy't er brûkt hie by it lesjaan oan 'e studinten. In novise dy't it beslút nommen hie om de oarder wer te ferlitten naam lykwols it psalmboek temûk mei. Yn in tiid dat in boek in tige weardefol besit wie, soe it foar in fransiskaanske muonts fanwegen it ûnthjit fan earmoed tige dreech west hawwe om it te ferfangen. Doe't er fernaam dat it psalmboek ûntbriek, bidde Antonius fûleindich dat it fûn of werom brocht wurde soe. De dief wie sa oandien, dat er it boek werom joech en him wer by de oarder foege. It psalmboek wurdt noch jimmeroan yn it fransiskaanske kleaster fan Bologna bewarre.

(1873, lito fan L. Gruner)

(Marcantonio Bassetti)
Ut en troch die Antonius ek noch wolris wurk as dosint oan 'e universiteit fan Montpellier en Toulouse yn Súd-Frankryk. Mar as preker kaam Antonius altiten as bêste út de farve. Neffens de histoarikus Sophronius Clasen preke Antonius de grutme fan it Kristendom. Yn syn preken wist er de Skrift mei in allegoaryske en symboalyske útlis oan 'e man te bringen. Yn 1226 nei't er in generaal kapittel fan syn oarder bywenne hie yn Arles, Frankryk en evangelisearre hie yn 'e Provence, reizge er nei Itaalje werom en waard er oanwiisd as de provinsjale oerste fan noardlik Itaalje. Hy keas Padûa as syn lokaasje.
As gesant fan it generale kapittel reizge Antonius yn 1228 nei paus Gregoarius IX. It pauslike hôf bejubele syn preken en hy krige de opdracht om in samling preken te meitsjen foar de feestdagen. Gregoarius IX omskreau Antonius as de "Arke fan it Testamint" (Doctor Arca testamenti).
De dea fan Antonius
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Antonius krige yn 1241 ergotisme ûnder de lea, in sykte dy't immen krije koe troch fan skimmel oantaast nôt te iten. Hy loek him mei twa oare bruorren werom yn 'e bosken by Camposampiero en dêr wenne er yn in hut dy't se foar him ûnder de takken fan in beam boud hiene. Antonius ferstoar op 'e weromreis nei Padûa op 13 juny 1231 yn it klarrisenkleaster fan Arcella (tsjintwurdich Padûa) yn 'e âldens fan 35 jier.
Op fersyk fan Antonius waard er begroeven yn 'e lytse tsjerke fan Santa Maria Mater Domini tichteby it kleaster, dat er yn 1229 sels stifte hie yn Padûa. Mar Antonius hie in soad oansjen en al gau waard der troch de bewenners fan de stêd krewearre foar de bou fan in grutte basilyk, dy't fan 1232 oant 1301 plakfûn. De lytse Santa Maria Mater Domini waard yn 'e grutte basilyk yntegrearre as de Cappella della Madonna Mora (Kapel fan de Swarte Madonna). Under de befolking stiet de basilyk bekend ûnder de namme Il Santo ("de hillige").
Om de dea fan Antonius hinne ûnstiene tal fan legindes. Sa is it ferhaal dat by syn ferstjerren de bern yn 'e stêd begûnen te skriemen en dat de klokken fan 'e tsjerken út harrensels begûnen te lieden. Antonius is byset yn in kapel fan 'e grutte tsjerke, dy't se foar him bouden. Dêr wurdt ek de tonge bewarre yn in kostber relikwarium, tegearre mei syn ûnderkaak en syn stimbannen. Doe't syn lichem 30 jier nei syn dea opgroeven waard foar de nije bysetting wie der net folle oars oer as in bonkerak, mar de tonge wie yntakt en fochtich, in ferwizing nei syn jefte dat er sa goed preekje koe. Op 1 jannewaris 1981 stie paus Jehannes Paulus in wittenskiplik team ta om de oerbliuwsels fan 'e hillige te bestudearjen en op 6 jannewaris fan dat jier waard de tombe wer iepene.
Hillichferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Antonius waard op 30 maaie 1232, minder as in jier nei syn dea, yn 'e katedraal fan Spoleto troch paus Gregoarius IX hillich ferklearre.

El Greco
De rykdom fan syn spirituele bydrages yn 'e preken wie sa grut, dat de hillige op 16 jannewaris 1946 troch paus Pius XII de titel Doctor Evangelicus (tsjerkfaar) ferliend waard.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Antonius waard troch de Portegeeske missy oeral in populêre hillige en hy stiet bekend as ien fan 'e meast ferneamde folgers fan Fransiskus fan Assisi. Hy is de patroanhillige fan Lissabon, Padûa en in hiel soad plakken yn Portegal en yn 'e lannen dy't ea hearden ta it Portegeeske ryk. Sint-Antonius wurdt yn Portegal, Spanje en Brazylje as houlikshillige beskôge, om't der legindes binne dat er it wer goed meitsje koe tusken man en frou. Op 13 juny, syn feestdei, hawwe de minsken yn Lissabon frij en wurde der yn 'e stêd parades en houliken fierd.

(Gerard David, 1530)
De Amearikaanske stêd San Antonio is nei him ferneamd. Ek yn Yndia is de tawijing oan Sint-Antonius grut. Yn Uvari, yn Tamil Nadu, wurdt yn in Antoniustsjerke it houten byld troch grutte oantallen pylgers fereare, dêr't oer sein wurdt dat it de hiele bemanning fan in Portegeesk skip better makke fan goalera. Ek op Sry Lanka bestiet in grutte ferearing en dêr wurdt it hillichdom fan Sint-Antonius yn Kolombo troch sawol katoliken as net-katoliken besocht. Op 'e katolike Filipinen en East-Timor bestiet der ek in algemiene ferearing fan 'e hillige.
Hy wurdt benammen oanroppen foar saken dy't ferlern binne. Oan him wurde in soad wûnders taskreaun.
Yn it ferline wiene der spesjale bidsnoerkes om Antonius te ferearjen. It tal kralen wie bassearre op it tal 13 . Mei de kralen koene leauwenden meditearje oer de trettjin deugden fan 'e hillige. Guon fan dy bidsnoerren waarden makke troch leden fan bruorskippen dy't Antonius as beskermhillige hiene.
Keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't it tal fransiskaanske hilligen tanaam wie it habyt allinne net mear genôch om de hillige werom te kennen. Om de hillige te ûnderskieden moast der in attribút tafoege wurde. Faak is de hillige te sjen mei in iepen boek yn 'e hân en it Kristusbern op 'e earm. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it Kristusbern jimmeroan grutter ôf- of útbylde, sadat it boek somtiden hielendal ferdwûn. Meastentiids draacht er yn 'e ikonografy in wite leelje, dat syn suverens fertsjintwurdiget. Ek komt in hert mei flammen foar, in ferwizing nei syn fisionêre iver.
Yn 1511 skildere Titiaan trije grutte fresko's yn 'e Scuola del Santo yn Padûa oer de wûnders út it libben fan Antonius: It Wûnder fan 'e oergeunstige Man, dat it ferhaal ôfbyldet fan 'e moard fan in jonge frou troch har man; In Bern dat tsjûget fan 'e Unskuld fan syn Mem en de Hillige dy't in jonge Man mei in brutsen ledemaat better makket.
Om't der in leginde bestiet dat de hillige ea preke tsjin in fisk, wurdt dy somtiden op foarstellings as attibút tafoege. In oar bist is de ezel, dy't ferwiist nei in leginde oer in weddenskip fan Antonius mei in Kataarske ketter. Doe't de ketter gjin earbied opbringe woe foar de hosty, wedde Antonius dat syn ezel dat wol dwaan soe. De ezel krige dêrnei trije dagen gjin iten en mocht nei dy trije dagen kieze tusken in folle bak foer of in hosty. Ta grutte fernuvering fan 'e ketter sakke de ezel út earbied foar de hosty troch de poaten en joech er de kar oan 'e hosty.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Antoniustsjerke, Peazens
Sint-Antoniuskatedraal, Breda
Sint-Antoniusbasilyk (Padua), Padua (Itaalje)
Igreja de Santo António, Lissabon, Portugal
Sint-Antoniusbasilyk, Istanbûl, Turkije
Nasjonale Skryn fan San Antonio de Padua, Pila, Filipinen
Hillichdom fan Sint-Antonius, Kolombo, Sry Lanka
Ofbylden fan Antonius yn de keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Francisco de Zurbarán, 1627-1630.
- Antonius fan Padua mei it bern Kristus, 1656 (Giovanni Francesco Barbieri).
- Elisabetta Sirani, 1656.
- Giacomo Farelli.
- Alonso Cano, 1660.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
