Hans van den Hende

Ut Wikipedy
Biskop Van den Hende

Johannes Hermannes Jozefus (Hans) van den Hende (Grins, 9 jannewaris 1964) is in Nederlânsk Roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 2006 oant 2007 koadjutor-biskop fan Breda en dêrnei biskop fan Breda. Hy is sûnt 2011 biskop fan Rotterdam.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van den Hende waard ta pryster wijd op 6 april 1991. Hy waard 9 septimber 2006 ta koadjutor-biskop fan Breda beneamd. 25 novimber 2006 waard er ta biskop wijd troch Martinus Petrus Maria Muskens, biskop fan Breda, mei Hubertus Cornelis Antonius Ernst, biskop emeritus fan Breda, en Willem Jacobus Eijk, biskop fan Grins-Ljouwert, as ko-konsekrators. 31 oktober 2007 waard hy biskop fan Breda.

10 maaie 2011 waard hy ta biskop fan Rotterdam beneamd en 2 july 2011 ynstallearre.

Fan 14 juny 2016 ôf is Van den Hende ek foarsitter fan de Nederlânske Biskoppekonferinsje.

Konsekrator[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie ko-konsekrator fan:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]