Gerard de Korte
| Gerard de Korte | ||
| geastlike | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Gerard Johannes Nicolaas de Korte | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 13 juny 1955 | |
| berteplak | Vianen | |
| etnisiteit | ||
| religy | kristendom | |
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| wijings | ||
| ta diaken | 10 jannewaris 1987 | |
| ta preester | 5 septimber 1987 | |
| ta biskop | 2 juny 2001 | |
| wapen | ||
| wurkpaad | ||
| 1992-1999 | rektor Ariënskonvikt | |
| 1999-2005 | deken Sallân | |
| 2001-2008 | helpbiskop Utert | |
| 2008-2016 | biskop Grins-Ljouwert | |
| 2016 | biskop De Bosk | |
Gerard Johannes Nicolaus de Korte (Vianen, 13 juny 1955) is in Nederlânsk Roomsk-katalyk geastlike. Hy wie fan 2001 oant 2008 help-biskop fan Utert en dêrnei biskop fan Grins-Ljouwert.
De Korte krige syn prysterwijing op 5 septimber 1987 troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert. Hy waard 11 april 2001 ta helpbiskop fan Utert beneamd en titulêr biskop fan Caesarea in Mauretania. 2 juni 2001 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Johannes Gerardus Maria Willebrands, aartsbiskop-emeritus fan Utert, en Johannes Antonius de Kok, helpbiskop fan Utert, as ko-konsekrators.
Op 18 juny 2008 folge De Korte Wim Eijk op as biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert en op 13 septimber 2008 yn 'e Sint-Joazefkatedraal ynstallearre.
Op 5 maart 2016 waard De Korte beneamd ta biskop fan De Bosk, dêr't er Antoon Hurkmans opfolge, dy't fanwegen syn sûnens mei emiraat gie.
- Wapen as biskop fan De Bosk.
- Wapen as biskop fan Grins-Ljouwert.
- Wapen as helpbiskop fan Utert.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerard de Korte fan Wikimedia Commons. |