Springe nei ynhâld

Departemint East-Fryslân

Ut Wikipedy
Keninkryk Hollân

It Departemint East-Fryslân bestie fan 1807 oant 1810. De haadstêd wie Auwerk.

Foar 1807 hearde East-Fryslân ta Prusen, mar neidat Prusen yn 1807 de Slach by Jena ferlern hie fan de Frânske keizer Napoleon Bonaparte, moast it East-Fryslân ôfstean ûnder de Frede fan Tilsit. Der waard in departemint fan it keninkryk Hollân fan makke; Loadewyk Napoleon Bonaparte, de keizer syn broer, wie dêr doe kening fan.

Nei de anneksaasje fan it keninkryk Hollân op 9 july 1810 waard it departemint op 1 jannewaris 1811 in departemint fan it Earste Frânske Keizerryk ûnder de namme Ems-Oriental (Easteriems).

Lândrost fan East-Fryslân wiene:

Godert Alexander Gerard Philip van der Capellen (5 febrewaris 1808 – 1 jannewaris 1809)
Willem Queysen (22 desimber 1808 – 25 febrewaris 1811)