Ryksoerheid
Appearance
De Steat fan de Nederlannen is de juridyske term foar de oerheid fan it Keninkryk fan de Nederlannen en Nederlân as rjochtspersoan. De Steat slút ferdraggen, hat besittingen, docht wurk, jout opdrachten en kin yn rjochtssaken optrede. De term komt in soad foar yn offisjele stikken.
In praktyske sin wurdt de Steat foar in grut part fertsjintwurdige troch de Ryksoerheid (Nederlânsk: Rijksoverheid), ek wol it Ryk, dat it sintrale bestjoer fan Nederlân foarmet. De Ryksoerheid bestiet út 12 ministearjes, in grut tal útfieringsorganisaasjes, ynspeksjes en de Hege Kolleezjes fan Steat. Sy hâldt har dwaande mei it tarieden en útfieren fan it regearbelied.

