Ynterprovinsjaal Oerlis
It Ynterprovinsjaal Oerlis (Nederlânsk: Interprovinciaal Overleg of IPO) is in feriening dy't de belangen behertiget fan de tolve provinsjes yn De Haach en Brussel en foarmet in platfoarm foar kennis en ynnovaasje.
It Ynterprovinsjaal Oerlis waard yn 1986 oprjochte. De opmaak fan de organisaasje wie oant 2003 in juridyske foarm mei in miene regeling en sûnt dat jier is er in feriening mei in bestjoer.
It bestjoer fan it Ynterprovinsjaal Oerlis bestiet út 13 leden, fan alle provinsjes ien deputearre en in foarsitter, dy't almeast in Kommissaris fan de kening is. De algemiene gearkomste bestiet út 24 steateleden, dêr't twa út alle provinsjes fan binne.
Underdiel fan it Ynterprovinsjaal Oerlis is BIJ12, in útfieringsorganisaasje fan de tolve Nederlânske provinsjes en it Hûs fan Nederlânske Provinsjes yn Brussel.
It buro fan it Ynterprovinsjaal Oerlis set him yn foar in miene optreden yn de belangebehertiging yn 'e mande mei de Ryksoerheid, de Jeropeeske Uny, de Feriening fan Nederlânske Gemeenten, de Uny fan Wetterskippen en mei maatskiplike organisaasjes.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |