Bataafsk-Brabân
Bataafsk-Brabân Bataafs-Brabant | |
---|---|
1796-1799 1802-1807 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Bataafsk-Brabân yn it Bataafsk Mienebest (oranje ûnderoan) | |
polityk | |
lân | Bataafske Republyk (1796-1799) Bataafsk Mienebest (1802-1807) |
haadstêd | De Bosk |
talen | Nederlânsk |
foarm | Goa fan de Bataafske Republyk (1796-1799) Departemint fan it Bataafsk Mienebest (1802-1807) |
ûntstien út | Steatsk-Brabân Departemint fan de Skelde en Maas Departemint fan de Dommel |
opgien yn | Departemint Brabân |
no diel fan | Provinsje Noard-Brabân |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
Bataafsk-Brabân wie in goa fan de Bataafske Republyk en in departemint yn it Bataafsk Mienebest. De haadstêd wie beide kearen De Bosk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Bataafske Republyk yn 1795 foarme waard waard Bataafsk-Brabân út Steatsk-Brabân foarme dat, mank mei Steatsk-Oermaas, Steatsk-Boppe-Gelre en Steatsk-Flaanderen, ien fan de generaliteitslannen fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie. De generaliteitslannen hiene gjin regionale selsstannigens lykas de oare goaen, en waarden streekrjocht troch de Steaten-Generaal bestjoerd. Hja hiene ek gjin sizzenskip yn it bestjoer fan de republyk. De generaliteitslannen waarden op 8 jannewaris 1795 troch Frankryk ynlive. De âlde republyk foel en de Bataafske Republyk, dy't in fazalsteat fan Frankryk waard, waard foarme. Op 16 maaie fan dat jier kaam Steatsk-Brabân werom by de Bataafske Republyk en waard omneamd ta Bataafsk-Brabân.
De politike elite yn Brabân die dêrnei alle war en soargje dêrfoar dat Bataafsk-Brabân net sa as foarhinne in ûnderwurpen goa wurde soe. Op 1 maart 1796 waard Bataafsk-Brabân as in lykweardich autonoom goa part fan de Bataafske Republyk. Meidwaan mei it lânbestjoer duorre noch lykwols, want earst moast it oandiel fan Bataafsk-Brabân yn de steatsskuld fêstlein wurde.
De Bataafske Republyk kende in rûzich bestean. Dat hie ek gefolgen foar Brabân. Yn 1798 waard in nije grûnwet oannommen en waard de âlde ryksyndieling mei goaen feroare ta in yndieling mei departeminten en in sintraal bestjoer. Bataafsk-Brabân waard yn twaen spjalte: it departemint fan de Dommel yn it easten en it departemint fan de Skelde en Maas yn it westen, dêr't ek it greefskip Seelân by tafoege waard. De haadstêden waarden respektivelik De Bosk en Middelburch
Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 de yndieling fan it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Bataafsk-Brabân waarden weromdraaid endoe waard it departemint Bataafsk-Brabân foarme. Willemstêd, dat earder by it goa Bataafsk-Brabân hearde, waard by it departemint Hollân foege.
De Sedearre Lannen waarden mei yngong fan 26 septimber 1805 by it departemint foege.
Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806, waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. Bataafsk-Brabân waard it departemint Brabân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Goaen fan de Bataafske Republyk | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân (fan 1796 ôf) • Fryslân • Gelderlân • Hollân • Oerisel • Seelân • Stêd en Lân • Utert | ||
· · |
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân • Departemint Fryslân • Departemint Gelderlân • Departemint Hollân • Departemint Oerisel • Departemint Seelân • Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân • Departemint Utert | ||
· · |