Bataafsk Mienebest

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flagge fan it Bataafsk Mienebest

It Bataafsk Mienebest (1801 - 1806) (doe Bataafsch Gemeenebest stavere) wie in republyk dy't it grutste part fan it Nederlân fan no omfieme. De republyk wie foarme nei it foarbyld en mei militêre stipe fan de Frânske Republyk, dêr't it Bataafsk Mienebest in bûnsgenoat en de facto in fazalsteat wie. It Bataafsk Mienebest ûntstie nei in grûnwetswiziging yn de Bataafske Republyk, wêrby't de steatsynrjochting slim feroare waard. Guon publikaasjes út dy tiid, ek fan de oerheid sels, sprekke sawol fan de Bataafske Republyk as it Bataafsk Mienebest.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schimmelpenninck as riedspensjonaris

Yn 1801 waard de grûnwet fannijs besjoen ûnder grutte druk fan Frankryk; de feroaringen fan 1798 waarden dêryn tebekdraaid. De steatsynrjochting waard drastysk wizige. It Fertsjintwurdichjende Lichem fan de Bataafske Republyk waard ferfongen troch in Wetjaand Lichem. De útfierende macht kaam yn hannen fan in Steatsbewâld fan tolve man - opfolger fan it Utfierend Bewâld. Teffens kaam der in ûnôfhinklike rjochterlike macht. De lear fan Montesquieu oer skieding fan de machten waard sa yn praktyk brocht. De namme fan de republyk waard feroare yn Bataafsk Mienebest.

Yn 1805 soarge Napoleon derfoar dat it Steatsbewâld ferfongen waard troch in bewâld fan ien persoan. Rutger Jan Schimmelpenninck waard troch Frankryk op dizze post beneamd en krige de titel riedspensjonaris. De wetjaande macht bleau formeel wol yn hannen fan it Wetjaand Lichem, mar yn de praktyk wie in adviesried, de Steatsried, wichtiger. Schimmelpenninck soarge foar it earste sintrale bestjoersapparaat yn de skiednis fan de Lege Lannen. De kearn fan syn regear waard foarme troch fiif departeminten (Binnenlânske Saken, Bûtenlânske Saken, Finânsjen, Marine en Oarloch).

Yn 1806 ferlear Napoleon lykwols it betrouwen yn de Republyk. Hy wie fan betinken dat de patriotten de rjochtlinen fan Parys te min en te stadich opfolgen. Hy twong Schimmelpenninck ta ôfgean fan syn amt, werneamde it lân yn Keninkryk Hollân en brocht syn Loadewyk Napoleon Bonaparte op de troan.

Departeminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De departeminten yn it Bataafsk Gemenebest 1802 - 1807

By wet fan 21 juny 1802 waard de departemintale yndieling fan it ryk fêststeld. De departemintale yndieling fan 1799 waard weromdraaid; de bekende histoaryske goanammen en -yndielingen waarden wer ferwurke yn de departemintale struktuer.

Nei de oprjochting fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard ûnder de wet fan 13 april 1807 de departemintale yndieling fan it ryk fannijs fêststeld. De meast wichtige wiziging wie it spjalten fan de departeminten Hollân en Oerisel.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Schama, S., Patriotten en bevrijders. Revolutie in de Noordelijke Nederlanden, 1780-1813 4e pr. (Amsterdam 2005).
  • Sutherland, D.M.G.,Revolutie en contra revolutie. Frankrijk van 1789-1815 3e printinge (Nijmegen 1989)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: