Springe nei ynhâld

Departemint Seelân

Ut Wikipedy
Departemint Seelân
Departement Zeeland
1802-1810
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje

Departemint Seelân yn it Bataafsk Mienebest (grien loftsûnder)
polityk
lân Bataafsk Mienebest (1802-1807)
flagge fan Nederlân Keninkryk Hollân (1807-1810)
haadstêd Middelburch
talen Nederlânsk, Siuwsk
foarm Departemint fan it Bataafsk Mienskip (1802-1807)
Departemint fan it Keninkryk Hollân (1807-1810)
ûntstien út Departemint fan de Skelde en Maas
opgien yn Mûnings fan de Skelde
no diel fan Provinsje Seelân
sifers
ynwennertal
befolkingstichtens
oerflak

It departemint Seelân wie in Nederlânsk departemint dy't bestien hat fan 1802 oant 1810. De haadstêd wie Middelburch.

Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 de yndieling fan it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Seelân fan de Bataafske Republyk waarden weromdraaid. It departemint omfieme likernôch it gebiet fan de hjoeddeistige provinsje Seelân mei útsûndering fan Siuwsk-Flaanderen, dy't sûnt 1795 by it Frânske departemint fan de Skelde hearde.

Yn 1805 waard Sommelsdijk oan it departemint Hollân ôfstien.

Nei it oprjochtsjen fan it Keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. Dêrby waard polder Hinkelenoord by it departemint Brabân foege.

Tusken 1807 en 1810 feroaren der noch guon dingen:

  • Flissingen waard op 21 januari 1808 as gefolch fan it Ferdrach fan Fontainebleau by Frankryk foege as part fan it arrondissemint Eeklo yn it departemint fan de Skelde.
  • Nieuw-Vossemeer waard op 9 maaie 1809 by it departement Brabant foege.
  • It eilân Walcheren waard op 27 desimber 1809 troch Frankryk ynlive en taheake oan it departement fan de Skelde. Dat wie it gefolch fan de ynfal op it eilân Walcheren yn 1809, dêr't it leger fan it Feriene Keninkryk ferslein waard troch in Frânsk-Nederlânsk leger.
It departemint Seelân yn it keninkryk Hollân

Lândrost fan Seelân yn it keninkryk Hollân wie Abraham van Doorn (8 maaie 1807 - 8 septimber 1809)

Op 16 maart 1810 waard it oerbliuwende part fan Seelân troch Frankryk ynlive. Ynearsten wie it de bedoeling dat gâns Seelân, mei Walcheren ynbegrepen, oan it Frânske departemint Twa Neten tafoege wurde soe. Yn maaie 1810 besleat Napoleon Bonaparte en foarmje it eardere departemint Seelân om ta it departemint Mûnings fan de Skelde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

J.G.M. Sanders: Noord-Brabant in de Bataafs-Franse Tijd, 1794-1814, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom (2002), ISBN 90-6550-628-4

Departeminten fan it Bataafsk Mienebest
Bataafsk-BrabânDepartemint FryslânDepartemint GelderlânDepartemint HollânDepartemint OeriselDepartemint SeelânDepartemint Stêd en Lannen fan GrinslânDepartemint Utert
· · Berjocht bewurkje
Departeminten fan it Keninkryk Hollân Border
AmstellânBrabânDrinteEast-FryslânGelderlânGrinslânFryslânMaaslânOeriselSeelânUtert
· · Berjocht bewurkje