Springe nei ynhâld

Departemint fan de Skelde en Maas

Ut Wikipedy
Departemint fan de Skelde en Maas
Departement van de Schelde en Maas
1798-1801
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje

Departemint fan de Skelde en Maas (loftsûnder grien) yn 1798
polityk
lân Bataafske Republyk
haadstêd Middelburch
talen Nederlânsk, Siuwsk
foarm Departemint fan de Bataafske Republyk
ûntstien út Greefskip Seelân
Greefskip Hollân
Bataafsk Brabân
opgien yn Departemint Seelân
Departemint Hollân
Departemint Bataafsk Brabân
no diel fan Provinsje Seelân
Provinsje Súd-Hollân
Provinsje Noard-Brabân
sifers
ynwennertal
befolkingstichtens
oerflak

Departemint fan de Skelde en Maas wie de namme fan in departemint fan de Bataafske Republyk dat bestien hat fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Middelburch.

It omfieme, nei it opnij besjen fan de grûnwet yn 1798, likernôch it grûngebiet fan de eardere goaen Seelân (mar sûnder Siuwsk-Flaanderen), Hollân (besuden de Maas) en it westlik diel fan Bataafsk-Brabân.

By de opstelling fan it Steatsbewâld yn 1801 waard it departemint wer opheft en jilden de âlde grinzen fan de goaen op 'en nij: de departeminten Brabân, Hollân en Seelân waarden ynsteld.

Boppe de ferskate steds- en doarpsbestjoeren bestie it departemint fan de Skelde en Maas ek út sân 'ringen'. In 'ring' wie in bestjoerlike laach dy't hjoed-de-dei tusken it gemeentlik en provinsjale nivo sitte soe.

Ring Haadplak Ynwennertal (1798)[1]
Ie Middelburch 32821
IIe Goes 30791
IIIe Sieriksee 30576
IVe Steenbergen 29947
Ve Breda 31574
VIe Doardt 31350
VIIe Brielle 30123

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan de Bataafske Republyk 1798-1801

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Goaen fan de Bataafske Republyk
Bataafsk-Brabân (fan 1796 ôf) • FryslânGelderlânHollânOeriselSeelânStêd en LânUtert
· · Berjocht bewurkje
Departeminten fan de Bataafske Republyk
Alde IselAmstelDelfDommelIemsRynSkelde en MaasTeksel
· · Berjocht bewurkje