Departemint fan de Ryn
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Het Departemint fan de Ryn bestie fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Arnhim. It departemint wie in part fan de Bataafske Republyk.
It departemint waard foarme troch it gearfoegjen fan:
- de kertieren Sutfen, Nymwegen en de súdlike Feluwe fan it goa Gelderlân
- it eastlik part fan it goa Utert
- in stikje fan it goa Hollân (likernôch de Biesbosk)
De Waal foarme de súdgrins fan it departemint.
Yn 1801 waard de weryndieling ûngedien makke. De Gelderske kertieren waarden part fan it Departemint Gelderlân, eastlik Utert fan it Departemint Utert. De Biesbosk waard oan it Departemint Hollân taheakke.