Departemint fan de Alde Isel
Appearance
Departemint fan de Alde Isel Departement van de Oude IJssel | |
---|---|
1798-1801 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint fan de Alde Isel is it giel rjochts boppe it midden | |
polityk | |
lân | Bataafske Republyk |
haadstêd | Swol |
talen | Frysk, Nederlânsk, Nedersaksysk |
foarm | Departemint fan de Bataafske Republyk |
ûntstien út | Hearlikheid Fryslân Hearlikheid Oerisel Hartochdom Gelre Lânskip Drinte |
opgien yn | Departemint Fryslân Departemint Oerisel Departemint Gelderlân |
no diel fan | Provinsje Fryslân Provinsje Oerisel Provinsje Gelderlân Provinsje Drinte |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
It Departemint fan de Alde Isel wie ien fan de acht departeminten fan de Bataafske Republyk. It hat bestien fan 1798 oant 1801 en hie as haadstêd Swol.
It departemint waard foarme nei it gearfoegjen fan:
- it goa Oerisel
- it lânskip Drinte
- it súdlike part fan it goa Fryslân (de Sânwâlden)
- it noardlike part fan it goa Gelderlân (de Feluwe)
De eilannen Urk en Skoklân wiene ek part fan it departemint.
By de stifting fan it Bataafske Mienebest, yn 1801, waard dizze weryndieling tebek set. Wol bleaunen Oerisel en Drinte mei-inoar ien departemint, it Departemint Oerisel. Noardlik Gelderlân waard diel fan it Departemint Gelderlân, wylst it súdlik part fan Fryslân by it Departemint Fryslân kaam.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaart fan de Bataafske Republyk (1798-1801)
Goaen fan de Bataafske Republyk | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân (fan 1796 ôf) • Fryslân • Gelderlân • Hollân • Oerisel • Seelân • Stêd en Lân • Utert | ||
· · |
Departeminten fan de Bataafske Republyk | ||
---|---|---|
Alde Isel • Amstel • Delf • Dommel • Iems • Ryn • Skelde en Maas • Teksel | ||
· · |