Hearlikheid Fryslân
Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
Hearlikheid Fryslân is de beneaming dêr't it Fryske gewest mei oantsjutten wurdt yn it tiidrek tusken 1524 oant 1795. It ûntstie doe't Karel V de rjuchten oer Fryslân krige en einige mei de oprjochting fan de Bataafske Republyk. Fryslân waard yn dy tiid regearre troch steedhâlders.
Yn 1580 waard it grutste diel fan Fryslân opnommen yn de Uny fan Utert. It gewest waard doe oantsjutten as in "algemiene hearlikheid" oftewol "Heerlykhied Fryslân". Fanwege de ynterne ferdieldheden waard Fryslân as fiifde yn rang, dus nei Utert, yn it ferbûn opnommen.
De Steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 30 gritenijen en fan de 11 stêden: Starum (1118), Harns (1234), Drylts (1268), Ljouwert (1285), Dokkum (1298), Boalsert (1455), Hylpen (1372), Frjentsjer (1374), Warkum (1399), Sleat (1426) en Snits (1456).
Fan 1580 ôf binne de steedhâlders altyd leden fan it Hûs Oranje-Nassau west. In feit dat de Oranjes letter brûkten as basis foar harren kleem op keningskip oer de Nederlannen, dat ek oer Fryslân.
Op 29 july 1585 stifte Willem Loadewyk yn Frjentsjer in universiteit foar (kalvinistyske) predikanten. Der waard foar Frjentsjer keazen sadat Ljouwert net te belangryk wurde soe. Yn 1645 waard de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns ferpleatst.
Yn 1648 waard Fryslân net langer as hearlikheid sjoen en mei de frede fan Münster opdoekt ta in echt gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
