Tiidline fan de Fryske skiednis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag Ommelanden.svg Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Friesland vlag.svg West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.svg Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg Noard-Fryslân


0 500 1000 1500 2000

Hjirûnder wurdt de skiednis fan Fryslân, harren ynwenners, taal, kultuer en literatuer op tiidsfolchoarder beskreaun.

~100.000 f.Kr.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~12.000 f.Kr.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In folk fan jagers en samlers komt oan yn it lân fan de Tsjonger. Dy prehistoaryske bewenners wurde nei it fynplak fan harren oerbliuwsels "de Tsjongerkultuer" neamd. De minsken fan de Tjongerkultuer hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne ûnder de oergongsfaze fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.

~700 f.Kr.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~500 f.Kr.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Friezen begjinne harren nei wenjen te setten yn Fresia.
  • Yn Fryslân begjint de earste perioade fan it opsmiten fan de terpen.

9[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

16[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Romeinske fjildhear Germanikus organisearret in grutte fjildtocht tsjin de Germaanske lieder Harmen. Hy lit tûzen skippen bouwe en falt oan oer de Noardsee en de mûning fan de Iems, wêrby de Sjauken en Friezen help oanbeane. By de Weser komt it earst ta striidpetear tusken Harmen en syn broer Flavus en letter ta in fjildslach op de flakte fan Idavisto, beëasten fan de Weser. Germanikus wint en driuwt de Germanen op de flecht. By de Romeinen wurdt sein dat de Sjauken Harmen ûntkomme litten hawwe.

28[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwplankje fan Tolsum

29[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

47[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Ryn wurdt troch keizer Klaudius as grins fêststelt tusken it Fryske gebiet en it Romeinske Ryk. Wol bliuwe de Friezen ûnder Romeinsk bestjoer.

58[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Fryske keningen Maloriks en Ferritus komme nei Rome. Sy ûntfange it Romeinske steatsboargerskip. Harren besyk smyt net folle op, want de Friezen moatte it stik lân dat sy besuden fan de Ryn beset hâlde, ferlitte.

~167[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~200[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Om it stigen fan de seespegel wurdt in twadde generaasje terpen opsmiten.

~525[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Friezen, ûnder lieding fan in kening dêr't de namme fan net oerlevere is, ferslaan yn de Slach oan de Ryn de Deenske ynkringers dy't ûnder Hygelac.

~560[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Klotar I feroveret in part fan Fryslân. Neffens Frankyske gewoante is syn ryk in persoanlik gebiet en wurdt by syn dea ûnder syn soannen ferdield. De bruorren krije lykwols spul mei elkoar, wat soarget dat de Friezen wer gebiet feroverje kinne.
Dorestêd en wichtige handelsrûtes
Aldgillis, yn de "Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt" fan P. Winsemius.

~600[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~630[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nei in tiidrek fan boargerkrigen yn Frankryk, wêrtroch't de ynfloed fan de Franken tebekrint komt de Frankyske kening Dagobert mei in leger nei it noarden ta en leveret striid tsjin de Friezen. Hy feroveret it gebiet fan de Alde Ryn op de Friezen. Yn Utert lit er in tsjerke bouwe. Nei it ferstjerren fan Dagobert rint de Frankyske macht wer tebek en it tsjerkje rekket yn ferfal.

~650[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Om dizze tiid hinne meitsje foargongers fan kening Aldgillis harren master fan it lân besuden de Ryn. It sintraal rivieregebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert wurdt it gebiet fan in machtich Frysk ryk.

678[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de winter fan 678 ûntfangt kening Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en jout him in ûnderkommen. Hy wegeret te foldwaan oan it fersyk fan de Frankyske hofmeier Ebroin om Wilfried oan him út te leverjen.
  • De misjonarissen Wilfried en Wigbert krije tastimming fan Aldgillis om it kristendom te preekjen.

~680[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Om-ende-by dizze tiid komt de Fryske kening Aldgillis te ferstjerren. Hy wurdt opfolge troch Redbad.

690[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willibrord, de Apostel fan de Friezen.

695[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Friezen en Franken slute in bestân. Redbad syn dochter Thiadsvind boasket yn 695 mei Grimoald, de soan fan Pippyn.

696[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Willibrord wurdt de aartsbiskop fan de Friezen, syn haadsit wurdt Utert.[1]

~700[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De bou fan in tredde generaasje terpen begjint.

714[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • april - Grimoald de skoansoan fan kening Redbad wurdt fermoarde troch in slûpmoardner as er op beafeart giet nei it grêf fan de Hillige Lambert fan Maastricht by Luik.

716[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

719[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kening Redbad makket plannen om twaris it Frankyske ryk oan te fallen en lûkt dêrta in grut leger gear [2]. Hy krijt lykwols net mear de gelegenheid dêrta, want hy wurdt troch in slimme sykte troffen en komt te ferstjerren yn de neisimmer of iere hjerst fan 719[3]. Redbad lit Fryslân ûntheistere efter sûnder in gaadlike opfolger.

720-724[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Troch hofmeier Karel Martel wurdt koart nei de dea fan Redbad in part fan de Friezen ûnderwurpen. Fan 720 ôf is it Fryske gebiet bewesten fan it Fly (Seelân, Hollân en Utert) yn Frankyske hannen.
  • Karel Martel stelt Willibrord by steat de sinding ûnder de Friezen fan Utert te dwaan.

734[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Slach oan de Boarn hat plak tusken in Frysk leger laat troch kening Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Fryske kening wurdt ferslein en dêrtroch wurdt nei Fryslân westlik fan it Fly ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich.

740[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grêftombe fan Karel Martel, yn de Katedraal fan Saint-Denis, it is makke ûnder de Gotyk.
  • De gebieten fan Karel Martel wurde ûnder syn folwoeksene soannen ferdield: Karloman krijt Austraasje dêr't ek it lân fan de Friezen by heart as fasaalsteat.

741[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~750[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It lân fan de Friezen boppe de grutte rivieren wurdt fan healwei de 8e iuw ôf yntinsyf kerstenje.

754[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

772[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~790[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

792[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Saksen komme yn opstân tsjin de Frankyske besetting. De misjonarissen hâlde harren mear mei belêstingsheffing dwaande as kerstenjen.
  • De Saksyske opstân slaat oer nei Easterlauwersk Fryslân dêr't de Friezen ûnder lieding fan de haroggen Unno en Eilrad rebellearje tsjin it Frankyske Ryk. In protte nij boude tsjerken wurde yn brân stutsen en prysters op de flechte jeie.

810[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

838[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

~1000[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De fjirde, en lêste, generaasje terpen wurde opsmiten.

1006[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1038[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwske ôfbylding fan Bruno
  • Greve Liudolf komt ferstjerren en wurdt opfolge troch syn soan Bruno.

1047[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1057[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1068[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nei de dea fan Egbert I wurdt er opfolge troch syn soan Egbert II, dy't de lêste telch út de Brunoanen-dynasty is dy't as greve Fryslan bestjoert. Hy ferset him fjouwer kear tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Likefaak wurdt him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd.

1077[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1086[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1088[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1090[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Greve Egbert wurdt troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvelt by in opstân tsjin de keizer.
  • Nei Egbert syn dea makket Hindrik de Fette fan Northeim oanspraak op it Greefskip Mid-Fryslân.

1101[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Greve Hindrik de Fette wurdt op 10 april troch Friezen fermoarde as er besiket syn bewâld oer Mid-Fryslân út te oefenjen. De Friezen stean ûnder lieding fan de biskop fan Utert.

1156[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De earste bekend gearkomste wurdt hâlden by de Upstalbeam, it âld Fryske gerjochtsplak.

1170[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lizzing fan it Kreiler Wâld ± 1000.

1287[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287 woedet de Grutte Stoarm ek wol de Sint-Lusiafloed. De wettersneed treft benammen Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen binne ôfgryslik, it westlike bekken fan de Waadsee wurdt foarme dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwynt.

1345[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1413[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1418[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1422[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1498[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1500[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1504[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Stellingwerven wurde oermastere troch hartoch fan Saksen, en wurdt by Fryslân foege.

1517[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte Pier yn de striid.

1523[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1524[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1584[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1597[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Troch de Steaten-Generaal wurdt fêstlein dat de maritime ferdigening fan de Republyk troch fiif admiraliteiten dien wurdt. De Fryske Admiraliteit moat tegearre mei fjouwer oare admiraliteiten de Republyk beskermje.

1752[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op 29 july komt de earste edysje fan de Ljouwerter Krante út. It is dêrmei de âldste krante fan Nederlân dy't noch hieltyd ûnder deselde namme ferskynt.

1781[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eise Eisinga syn planetarium yn syn hûs yn Frjentsjer is ree, dêr't er oan begûn is om de minsken sjen te litten dat se net benaud hoegden te wêzen foar it gearkommen fan Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne op 8 maaie 1774. Eisinga hie tocht dat er nei seis moanne wol klear wêze soe mei it planetarium, mar it hat him mear as seis jier koste.

1799[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1802[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • By de stifting fan it Bataafske Mienebest wurde de parten fan it eardere Fryslân wer gearfoege, ta it Departemint Fryslân. De hjoeddeiske provinsje Grinslân komt yn it Departemint Grins te lizzen.

1810[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1811[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1811 wurden deselde gebieten departeminten fan it Earste Frânske Keninkryk. It departemint Fryslân kriget de namme "Frise", Grinslân komy tegearre mei Drinte yn it Ems-Occidental te lizzen. East-Fryslân komt by it keizerryk as Ems-Oriental.

1813[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1814[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1815[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prusen moat East-Fryslân ôfstean oan it Keninkryk Hannover.

1887[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1903[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 3 july is de dei dat de earste edysje fan it Frysk Deiblêd útkomt. Op it stuit is de krante de lytste regionale selstannige krante fan it lân.[4]

1909[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon fan de dielnimmers oan de earste Alvestêdetocht.

1920[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Der wurdt begûn mei de oanlis fan de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân. De dyk wurdt oanlein nei plannen fan de yngenieur Cornelis Lely, dy't dy plannen al yn 1886 makke hie.

1932[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arbeid oan de Ofslútdyk.
  • De Ofslútdyk wurdt nei tolve jier ticht makke. Troch de dyk is de Waadsee skieden fan de Iselmar. In jier letter giet de dyk iepen foar it weiferkear.

1938[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Fryske Akademy wurdt stifte yn Ljouwert. De organisaasje docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. De Akademy hat sûnt dy tiid hûnderten publikaasjes dien.

1940[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsken yn Ljouwert wiuwe nei de Kanadeeske soldaten dy't Fryslân befrijden.
  • Fryslân is op 15 april 1945, op de eilannen nei, folslein befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie fan dat jier stoppet de wrâldkriich yn Jeropa en op 15 augustus 1945, nei't twa atoombommen op Hirosjima en Nagasaky smiten binne, komt ek yn it Easten in ein oan de kriich.

1951[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1956[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Fryske Rie wurdt offisjeel stifte. De organisaasje is al tritich jier aktyf, sûnt 1926, mar is nea offisjeel stifte.

1962[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Fryske Nasjonale Partij (FNP) wurdt stifte troch aktivisten fan de Fryske Beweging. It stiften fan de partij is in reaksje op de grutte nasjonale partijen yn Fryslân, neffens de oprjochters binne de Fryske ôfdielingen fan dizze partijen tefolle op de Rânestêd rjochte. De partij set him yn foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân, de FNP wol mear autonomy foar Fryslân

1980[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It fak Frysk wurdt ferplicht makke op basisskoallen yn de provinsje Fryslân.

1984[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1987[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1997[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2000[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tûzenen Friezen om utens komme werom nei de provinsje yn it ramt fan Simmer 2000. It wurdt tagelyk organisearre mei it Frysk Festival. Der wurde kulturele manifestaasjes hâlden. Der wurde ûnder oare reúnys hâlden, útstallingen, téaterproduksjes, sporteveneminten.[6]

2001[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2003[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Troch de gemeente Smellingerlân en de útjouwer Fryske Parse Boekery wurdt de Rink van der Veldepriis, neamd nei de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde, ynsteld. De sjuery wurdt ynsteld troch de Stifting It Fryske Boek. De priis wurdt mei yngong fan 2004 alle twa jierren útrikt. It is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynd as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde.

2008[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marco Mostert (1999) – 754: Bonifatius bij Dokkum vermoord. Utjouwerij Verloren BV. Side 28
  2. Halbertsma, H. (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 90.
  3. Halbertsma, H. (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op s. 93.
  4. It earste Frysk Deiblêd, Frysk Deiblêd, 7 juli 2003 (10 desimber 2009)
  5. De opmars fan de Fryske plaknammen (Ljouwerter Krante), Grutsk op Fryslân.eu (sjoen op 10 desimber 2009)
  6. Simmer 2000, (sjoen op 10 desimber 2009)
  • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047