Grutte Fryske Oarloch

Ut Wikipedy
Fryslân tusken Fly en Weser

De Grutte Fryske Oarloch wie in bûtenwenstich grut wapene konflikt yn de partijtiid, it tiidrek fan de Skieringers en Fetkeapers. Njoggen jierren lang (tusken 1413 en 1422) wie der sprake fan oarloch yn hiel Fryslân tusken Fly en Weser. De oarloch ûntstie yn East-Fryslân as gefolch fan in út de hân rûne fete tusken Keno II tom Brok en Hisko Abdena út Emden, wêrnei't alle partijen in kant keazen en yn hiel Fryslân in boargerkriich losbarste. De oarloch ferrûn foar alle partijen dy't der mei anneks wiene mei wikseljend súkses en útsein de Bronkhorsten yn de stêd Grins hat de oarloch net ien partij in protte foardiel opsmiten. Op de ein drige sels te barren wat letter yn 1498 de ein fan de Fryske frijheid betsjutte soe. In bûtenlânske hear, Jan fan Beieren waard om help frege yn it konflikt, wêrnei't dy sels de macht hawwe woe yn Fryslân. Lykwols waarden de Hollânske troepen fuortjage. Op 1 febrewaris 1422 kamen alle partijen nei de stêd Grins om frede te sluten (frede fan Grins).

De belutsen partijen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Grutte Fryske Oarloch stienen twa dúdlik oan te tsjutten partijen foar elkoar oer dy't gearstald wienen út ferskillende partijen út hiel Fryslân. De iene partij bestie út de Skieringers yn Westerlauwersk Fryslân, de Hekerens yn de stêd Grins, de tsjinpartij fan de famylje Onsta yn de Ommelannen en lang om let de partij fan Hisko Abdena yn East-Fryslân. De oare partij, dy't mei-elkoar de Alliearden foarmen wienen de Fetkeapers yn Westerlauwersk Fryslân, de Bronkhorsten en de famylje Onsta yn Easterlauwersk Fryslân en foar East-Fryslân de famylje Tom Brok mei harren helpers.

Oanlieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De direkte oanlieding fan it konflikt wie in fete tusken famyljes Tom Brok en Abdena yn East-Fryslân. De wiere reden lei folle djipper en wie de partijstriid dêr't yn hiel Fryslân sprake fan wie yn de 14e en 15e iuw. Hieltyd wer wie doe sprake fan partijtwisten wêryn de iene partij reagearde op de oare partij. Dêrby socht de iene partij om in bûnsmaat dy't sels ek wer in fijân hie en dy waard wer bûnsmaat fan de oare partij. Wat yn alle Fryske gebieten ek noch meispile wienen de belangen fan de haadlingen, dy't oftewol út wienen op mear macht of nei lykwicht fan de macht stribben. In grut part fan de partijstriden wie dan in gefolch hjirfan.

De Oanfal op Emden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske plattegrûn fan Emden

Yn East-Fryslân dêr't de oarloch útein sette soe, gie de partijstriid tusken de famylje Tom Brok en Abdena. Beide famyljes wienen út op de allinnich hearskippij. Yn 1380 wie der al spul hjiroer west, dat resultearre yn de slach by Loppersum wûn troch de Tom Brok. Dêrnei is der út en troch sprake fan fersoenen, ôfwiksele mei fûleinige konflikten dy't eltse kear mei fredespetearen oplost wurde koenen. Yn augustus 1413 rinne de spanningen wer op as seerôvers út Emden ûnderhearrigen fan Everd Idzinga oanfalle. Idzinga is in bûnsmaat fan Keno Tom Brok dy't de saak heech opnimt en foarleit oan de ried fan Grins. De ried jout Keno gelyk en twingt Hisko Abdena ta fergoedzjen fan de skea. De beteling wurdt net op tiid dien wêrtroch't Keno him yn syn ear oantaaste fielt en in oanfal ynset op de stêd Emden. Mei dat barren set de kriich útein.

It ferrin fan de Kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat Keno II tom Brok Emden yn East-Fryslân ferovere hie op Hisko Abdena en by de omkear yn Grins de Bronkhorsten en Ostamannen troch de Hekerens en Skieringers út de stêd jage wienen, kaam it tusken 1413 en 1415 net mear ta in iepentlike konfrontaasje. Wol besleaten de belutsen partijen elkoar troch piraterij sa folle mooglike skea ta te bringen. Okko sette in part fan de Ommelannen ûnder wetter en de Skieringers ûnder Koppen Jarges wiene op rôftocht yn de Ommelannen om de ferdigening te bekostigjen.

De Omkear fan Grins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske plattegrûn fan Grins

De Alliearde partij makke plannen om Grins werom te feroveren en brochten in grutte float byinoar. Wylst de float wachte op de komst fan de Skieringers kamen in protte Ommelânske bûnsmaten fan Keno tom Brok byelkoar yn Eelde. Grins waard dêrtroch min befeilige en yn de nacht fan 13 en 14 septimber 1415 foel de stêd yn Alliearde hannen. Doe't Keno mei syn float lâne, flechte Koppen mei it Skieringer leger nei Kampen en dêrwei nei Snits en letter nei Boalsert. Koppen woe sa gau mooglik Grins wer yn hannen krije en yn Westerlauwersk Fryslân foarme hy syn leger opnij. Ek wreide er it út troch oare Skieringers te oertsjûgjen mei te dwaan tsjin Keno en syn partij. Dêrby krige Koppen ûnferwachte help fan de Roomske kening Sigismund. De kearn fan de oarloch gie fan East-Fryslân en de stêd Grins, nei it westen fan de Ommelannen.

De slach by Okswertersyl en de oanfal op Dokkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fersterke Skieringer leger sette begjin juny 1417 útein om de stêd Grins oan te fallen. Fan Westerlauwersk Fryslân út waard de Lauwers oerstutsen en ûnderweis waard earst it kleaster fan Aduard ynnomd om as fersterking brûkt wurde te kinnen. Keno wie yntusken fan East-Fryslân út mei syn leger de Ommelanners te help kaam. Op 18 juny stiene beide partijen foar elkoar oer by de Okswertersyl. Oanfierder fan de Skieringers wie de Frjentsjer haadling Sikke Sjaarda wurden, by de Alliearden stie Keno oan it haad.

Beide partijen wienen manmachtich oanwêzich sa't letter bliken die út it grutte tal slachtoffers dat yn de slach foelen. It gie der grouwélich om en ta. Dochs waard de slach wûn troch de Alliearden en net troch de Skieringers. Neffens de lettere skiedskriuwer Ubbo Emmius soe de Eastfryske haadling Fokko Ukena dy't oan de side fan Keno focht in grutte rol spile hawwe yn it ferrin fan de slach. Oan Skieringer side sneuvelen goed 500 manlju en der waarden 400 Skieringers finzen naam. De oerbleaune Skieringers sloegen op de flecht. Ek oan Alliearde side foelen in protte slachtoffers al is it krekte oantal dêrfan net bekend.

Keno hie de Skieringers yn de knipe mar lykwols soarge syn sykte dat er werom gie nei Brokmerlân. Twa dagen nei de oerwinning sleaten Grins, Hunsingoa en Fivelgoa in nij ferbûn dêr't sy elkoar ûnthjitte gjin bûtenlânske oan te nimmen. In part fan Keno syn leger bliuwt efter yn Grinslân ûnder lieding fan Fokko Ukkena en Sibet fan Riustringen. Sy sette de efterfolging yn op de Skieringers dy't rjochting Achtkarspelen ferdreaun wienen en setten it op in plonderjen en rôvjen.

Portret fan Sigismund

Nei de nederlaach by Okswertersyl stiene de Skieringers slim ferswakke foar de Alliearden oer. De Roomske kening Sigismund hie har lykwols stipe tasein, mar stjoerde gjin militêre help. In part fan Keno II tom Brok syn leger wie nei de slach efter bleaun yn de Ommelannen en rjochting Westerlauwersk Fryslân gean dêr't sy yn Achtkarspelen oan it plonderjen en rôvjen slein wie. De Skieringers koene dêr gjin folweardich leger tsjinoer stellen en moaste har beheine mei piraterij op see. Op alderlei wizen besochten sy de Alliearden te dwersbongeljen dêr't sy ek de Fiktaaljebruorren by ynskeakele. Dokkum lei tige strategysk en mei har festingswurken fan wichtich belang foar de Skieringers, wat de reden wie foar de Alliearden om oan te fallen.

Yn 1418 giet it Alliearde leger ûnder lieding fan Fokko Ukena op Dokkum oan en plondere ûnderweis alles wat sy tsjin komme. By Dokkum oankaam hoegden se net folle muoite te dwaan om de fersterke stêd yn hannen te krijen. Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr ûnskeadlik makke.It measte part fan de bewapene Skieringers hâlde har op by de stins fan Iesumasyl en de striid ferpleatst him dêrhinne. Hjirre giet it fûleindiger oan ta as by Dokkum. Pas op it stuit dat de oanfallers it opjaan woene, bruts de ferdigening dochs noch en waard ek dy festing ynnaam.

De ynfal fan Fokko Ukena yn Westerlauwersk Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske plattegrûn en ôfbylding fan Sleat

Troch de Skieringers op eigen boaiem te ferslaan dielden de Alliearden har in bot gefoelige tik út. It Skieringer ferset wie sa goed as brutsen en sy wiene ree frede te sluten mei de oerwinners. Om it plonderjen te stopjen betellen sy de oerwinners in skatting fan inkele tûzen Frankyske skylden. Dêrnei gie it Alliearde leger werom nei Easterlauwersk Fryslân en waard troch beide partijen in begjin makke mei fredespetearen. Dy petearen waarden hâlden ûnder lieding fan Nikolaus Bunzlau, in gesant fan Roomske kening. De Alliearden betellen him 10.000 Rynske gûnen om de 'acht' fan Sigismund ôf te keapjen en dienen in foarstel foar frede mei de Skieringers. De soen wie al fierhinne doe't de oerwinning fan Sikke Sjaarda op in Fetkeapers legerke by Frjentsjer bekend waard. Dat foarfal en it feit dat Bunzlau noch wat twivels hie oer de oanname fan it Alliearde foarstel wie reden foar de Alliearden om it fredespetear te beëinigen.

De Skieringers giene op syk nei nije bûnsmaten en fûnen dy by de biskop fan Munster en Sibet fan Riustringen. Fersterke troch dizze bûnen dienen sy in oantal oanfallen op Fetkeaperske doelen yn Westerlauwersk Fryslân. Op 30 april 1420 waard troch har Boalsert fan de Fetkeapers ûntnadere. Troch de Alliearden waarden dy oanfallen net licht opfetten en ûnder lieding fan Fokko Ukena fear in fleat fia de Fly rjochting Hylpen. De komst fan Ukena kaam de Skieringers oer it mad, mar it slagge al gau in leger op 'en bien te bringen. De lieding wie yn hannen fan Sikke Sjaarda en op 12 maaie 1420 moeten beide legers elkoar by de Palesleat tichtby Hylpen (slach oan de Palesleat). It wie foar de twadde kear dat Sikke en Fokko foar elkoar oer stienen op it slachfjild en wer kaam Fokko as oerwinner út de striid. Hy makke in protte finzenen by de Skieringers dêr't de oerbleaunen fan nei Sleat en Starum flechte. Fokko leit in belis om Sleat dêr't Sjaarda him ophâlde.

De Skieringers wienen dermei oantangele en sochten har heil no by Jan fan Beieren dy't in oantal fan syn ridders stjoert ûnder lieding fan Hindrik fan Renesse. By oankomst wurde de Alliearden ferrast wêrnei't sy op Sleat ta sette. Op 11 july komt it by Sleat ta in slach dêr't de Alliearden belies yn jaan moatte. Fokko Ukena wit te flechtsjen, mar in grut tal wichtige alliearde haadlingen wurde finzen naam.

Fredespetearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei sân jier kriich wurde de bewenners fan hiel Fryslân sa stadichoan wurch fan de oanhâldende oarloch. Op 5 augustus 1420 slute Okko II tom Brok en de partij fan Sikke Sjaarda foar tweintich jier in wapenstilstân en op 14 septimber 1420 slute de lannen Eastergoa en Westergoa in ferdrach mei de Stêd Grins, de Ommelannen en Okko II tom Brok. Tusken dizze fredespetearen yn is der noch in konflikt by Mullum dêr't it kleaster fan Lúntsjerk troch de muontsen fan Blomkamp oanfallen wurdt. Noch mar tolve dagen nei de ôfkundiging fan it bestân falle de Alliearden al wer Starum oan. De stêd wurdt foar in grut part yn brân stutsen en Jarich Koppen is ien fan de deaden. By Dokkum en De Lemmer ferskine de Fiktaaljebruorren dy't har yn beide plakken festigje om fan dêrút op see te rôvjen. Flechte Skieringers yn Hollân frege opnij Jan fan Beieren om help.

De tuskenkomst fan Jan fan Beieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op betingst dat de Skieringers him as hear erkenne giet Jan fan Beieren akkoard mei it stjoeren fan militêren nei Westerlauwersk Fryslân. Under lieding fan Hindrik fan Struik en Gerard IV fan Heemskerk komt yn maart 1421 in Hollânsk leger om Fryslân te "befrijen". Mar Jan is lykwols mear fan doel, hy wol net allinnich Westerlauwersk Fryslân ûnder syn ynfloed bringe, hy wol it ek hâlde en stjoert hieltiten mear troepen. Mei help fan de Hollânske troepen wurde de Alliearde steunpunten ferovere en op 24 maart 1421 wurdt Ljouwert beset de wichtichste stêd fan Westerlauwersk Fryslân. In grutte Alliearde oanfal bliuwt út, mar der wurde wol plondertochten hâlden troch seerôvers. Ien fan dy binden wurdt yn de omkriten fan Dokkum ferslein troch in Hollânsk legerke.

As Okko II tom Brok syn nocht hat fan de oarloch en wol er frede slute mei de Skieringers. Op 15 july 1421 komme de partijen gear yn Greetsyl, Emsingerlân foar in fredespetear. Jan fan Beieren docht it wurd foar de Skieringers, by de Alliearden Okko en Sibet Papinga. De útkomst fan de petearen wurdt fêstlein yn in soen. De grins tusken beide partijen wurdt lutsen op de Lauwers. Westlik dêrfan krijt hartoch Jan it foar it sizzen, eastlik dêrfan Okko, Sibet en de stêd Grins. Alle flechte haadlingen meie weromkomme en krije harren besit fan foar de kriich wer werom. Nettsjinsteande alle goede bedoelingen wie de soen gjin sukses. Sikke Sjaarda soarge foar problemen trochdat er him ynliet mei seerôvers. Fierders krigen de Skieringers al gau harren nocht fan Jan fan Beieren dy't mar trochgean bleau mei it opbouwen fan syn macht en oeral fersterkingen bouwe liet. De Skieringers kamen tsjin him yn opstân, rûnom waarden de Hollanners belegere en op 18 jannewaris 1422 slaggen de Friezen deryn om De Lemmer yn te nimmen. Dêrmei ferlear Jan sawat al syn gesach yn Fryslân. De Alliearden woene likegoed as de Skieringers net lije dat Jan te machtich waard en al gau waarden wer fredespetearen hâlden.

De soen fan Grins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei njoggen jierren oarloch waard op 1 febrewaris 1422 troch alle belutsen partijen foarfêst frede ôfsletten. Fjouwerennjoggentich haadlingen hawwe it ferdrach ûndertekene. Ien fan de wichtige punten dy't yn it ferdrach fêstlein binne is it ynstean fan de "fryske frijheid", bûtenlânske hearen moasten yn Fryslân ward wurde.

Fjildslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Eise Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010.