Kleaster Blomkamp

Ut Wikipedy
Kleaster Blomkamp, út de Atlas Schoemaker, 1710-35

Kleaster Blomkamp (Latyn: Floridus Campus) of Aldekleaster wie in kleaster ûnder Hartwert, noardeastlik fan Boalsert fan de Bernardinen of Skiere Mûntsen.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster is stifte yn 1191 fan Kleaster Klaarkamp út troch de muontsen Tetardus, Herdradus en Syboldus en waard fan Boudewyn fan Hollân, de Biskop fan Utert, ynwijd. De earste abt waard Tetardus. It kleaster krige op in protte plakken lân (ûnder mear troch ynpoldering fan stikken Middelsee) en ek in stimannich eigentsjerken. Yn 1233 waard troch Dodo, de doedetiidske abt fan Blomkamp it frouljuskleaster Nijekleaster stifte ûnder Skearnegoutum dêr't it ek mei dykwurken belêste wie.

Yn de 14e iuw keas it kleaster foar de partij fan de Skieringers yn it skeel tussken Skieringers en Fetkeapers.

Belis fan Aldekleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Belis fan Aldekleaster.

Yn april 1535, op twadde peaskedei, waard it kleaster troch 800 werdopers beset, dy't in skûlplak sochten om ferfolgjen troch it Habsburchske bewâld te ûntkommen. Steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch kaam mei in nust bewapene boargerij en joech belis om it kleaster hinne, dat tsien dagen lang duorre. Doe't it kleaster oermastere waard, waarden de oerlibjende werdopers deadien. Dat foarfal kaam letter bekend te stean as it Belis fan Aldekleaster.

Ein fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1572 waard it kleaster troch de Geuzen oermastere, plondere en ferwoaste.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is neat mear te sjen fan it âlde kleaster. De namme Aldekleaster wurdt noch wol hieltyd brûkt. Op de âlde kleasterterp leit de buorskip Blomkamp, dat ek wol Aldekleaster neamd waard. De buorskip omfiemet ek de Hartwerder Mieden

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: